Brassband Ere Zij God út Damwâld hat ófrûne sneontejûn wer in tige slagge maestro concert fersoarge yn seal de Krúswei.
Der wiene fjouwer “maestro’s” dy’t harren dirigear-keunsten oan in deskundige jury sjen lieten. De fjouwer gasten, boargemaster Agricola, juf Maureen Pranger, Spar eigner Eric Compeer en Wendy vd Velde,
eigner fan Wendy’s Beautiek ha in seal fol minsken in prachtige jûn bisoarge.
De muziek keuze wie hiel breed, fan Racoon en Queen oant de Second Walz. Dirigent Gerben Huizenga hat bisocht de “maestro’s” tydens de repetities harren de kneepkes fan it dirigearvak bij te bringen en dat wie te sjen. Oan it ein fan de jûn waard it korps nog oerfallen troch in Mistery guest, Sinterklaas en syn Piet.
It die al gau bliken dat de âld baas nog wat byspikere wurde moat. Juf Maureen fan de Fontein gie mei de priis nei hûs en elk wie it der nij ôfrin oer iens. Wat mei de mienskip fan Damwâld bliid weze mei sa’n aktief muziekkorps!