Ôfrûne wykein wie de Gearkomst wer it plak wêr’t toanielferiening ‘Mei nocht foar’t ljocht’ acte de présence joech. De gebeurtenissen spilen har ôf op in sneon en de sneon dernei. Derop barde hiel wat. Marleen (Antsje Boonstra) en har man Peter (Douwe Hiemstra) hienen wat in saai bestean. Peter bestede mear tiid oan syn treinen as oan syn frou en der hie se har nocht fan.
Wat se doe betocht koe it deiljocht eins net ferdrage en se sleepte yn har plannen har freondinne Linda (Tiny Schregardys) en har man Sjaak (Marten Hoekstra) mei. De mem fan Peter (Minke Wytsma) koe har skoandochter eins net útstean en woe leafst mar dat se út it libben fan har soan ferdwûn. Dat hie se sels ek yn ‘e holle en derfoar socht se in ferfangster foar har sels. Derfoar kamen Bernadien (Thea Weening) en Anoeska (Kerstin van der Wagen) op it toaniel.
De man om wa’t úteinlik allegear begûn: Richard (Eelke Sipma) moast him út need útjaan foar in Tupperware ferkeaper. It wie soms allegear op it rântsje, de iene leagen waard op de oare stapele en kaam úteinlik as duveltsje út in Tupperware doaske. De rollen waarden treflik spile ek Kerstin van der Wagen-Koschel as debutante, sette har rol as Anoeska foartreflik del.
It stik stie ûnder de fakkundige rezjy fan Gerben Hoekstra mei Sjoerdtje Bakker as sûffleuze. De útmûnjende metamorfoazes fan de spilers kamen út hannen fan sminkster Jikke Sytsma De gelûdsfragminten fan Margriet Wytsma