De Ljussemer toanielploech “Mei Nocht foar’t ljocht” hat ôfrûne freed en sneon wer garant stien foar twa noflike jûnen toaniel. Beide jûnen wie de seal moai beset en koene de minsken genietsje fan in stikje Fryske folkloare.
In jong stel Emmy (Tiny Schregardus) en har freon Nyk (Douwe Hiemstra) wenje tegearre flakbij de Lemmer, in jonge aktrise en akteur. Se hawwe noch net grutte opdrachten krige en kin wol in ekstraatsje brûke. In omke fan Nyk en in muoike fan Emmy soargje dêrfoar troch elke moanne in bedrach oer te meitsjen wat bedoeld is foar de stúdzje dy’t de beide jongelju net (mear) folgje.
Omke en muoike wurde om de tún laat. Mar dan kundigje de beide harren komst oan en begjinne de yntriizjes. Der moat in hospita ‘betocht’ wurde. Dit moat Nyk wurde as frou ferklaaid. Mar ek in stúdzje genoate derfoar wurdt it buorfamke Mia strikt (Antsje Boonstra). Muoike (Minke Wytsma) dy’t mei har freondinne (Kerstin van der Wagen) del komt wurdt hjirtroch sân yn de eagen struid. Mar ek omke dy’t kapitein is komt lâns (Eelke Sipma) en is yn de ferûnderstelling dat syn omkesizzer mei in freon wennet sadat Nyk syn freondinne foar man trochgean moat.
De kapitein hat syn each falle litten op aktrise Loes Nijhof (Thea Weening) en as de kapitein syn boatsman (Marten Hoekstra) ek noch delkomt om in feestje te organisearjen en ek meispylje moat yn it komplot wurdt de betizing hieltyd grutter en hilarysker. Alles wurdt út de kast helle om omke en muoike yn de waan te litten dat se beide as frijgeselle studinten troch it libben.
Oant de leagen fansels op’t lêst útkomt. Al mei al in kluchtich stik weryn rollen treflik delset waarden. Allegearre in rol op it liif skreaun. It stik stie ûnder de fakkundige rezjy fan Gerben Hoekstra mei Sjoerdtje Bakker as sûffleuze. De útmûnjende metamorfoazes fan de spilers kamen út hannen fan sminkster Jikke Sytsma. De gelûdsfragminten fan Margriet Wytsma.