Kritetoaniel spilet De grutte fersierder · Foto('s): Jan Beets (fotobeets.nl)
  Jan Beets (fotobeets.nl)

Kritetoaniel spilet De grutte fersierder

zondag 01 december 2013

Sneontejûn brocht De Fryske Krite yn Bûtenpost it blijspul De grutte fersierder op de planken in yn sealesintrum De Point Bûtenpost. It wie alwer de twadde en lêste toaniel útfiering fan de novimber edysje 2013. It blijspul giet oer in kantoarmantsje dêr’t gjin libben yn liket te sitten mar dy’t troch in saneamde “oantaasting” ynienen tige “hot” is.

Op in duf kantoar, dêr’t elkenien him hâldt en draacht neffens syn funksje en dêr’t elk ek noch ris neirûn wurdt troch de iennichste oandielhâldster, is Brons dyjinge dêr’t it meast op delsjoen wurdt. Der sit gjin libben yn ‘e man. Dan komt Djoeke, muoikesizzer fan ien fan de kantoarfroulju, oerstjoer troch de doar mei it ferhaal dat se op ‘e Lekkumermient neisitten en hast oantaast wurden is troch in manspersoan.

Oan har beskriuwing foldocht krèkt Brons. Brons wurdt dan troch elkenien fertocht en skoudere. As it dan persoanielsfeest is moat hy allinne boppe sitte om de balonnen op te blazen. Mar dan docht bliken dat de froulju Brons ynteressant begjinne te finen. Sels de oandielhâldster begjint mei him om te paaien. Brons feroaret yn in man mei selsbetrouwen, mar skronfelt wer yninoar as Djoeke nochris komt en fertelt dat se har yn it sinjalemint fersind hat en dat se de wiere dieder kin. Gjin frommes dat mear nei Brons taalt. It waard in tige slagge útfiering mei in steande ovatie fan it publyk. Nei ôfrin fersoarge RTV Noordoost-Friesland Drive in Show dat it oant yn de lette oerkes gesellich bleau.

Kriteminsken Bûtenpost krije sulveren STAFspjelde
Sneontejûn waarden nei de twadde útfiering fan “De grutte fersierder” trije minsken fan it Kritetoaniel yn it sintsje set. Dictus Benedictus, Reinold Paauw en Henk Roskammer waarden “riddere” troch bestjoerslid Iebe Bouma fan Stichting Amateurtoaniel Fryslân.

De mannen krigen út wurdearring foar de jierrenlange ynset, 25 jier, op en rûn it toaniel de sulveren STAFspjelde. Henk en Reinold binne beide al 25 jier warber foar Krite Bûtenpost, Dictus wie earst 12 jier yn tou foar Jounswille Stynsgea en no alwer 13 jier foar it Bûtenposter toaniel.

© Foto’s: Jan Beets en Ernst Jaap de Haan

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 08:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 08:00 - 09:00
    Goed Gestemd
    Oebele en Sia Vries
  • 09:00 - 11:00
    Tsjerke-tsjinst
    Dienst uit de streek
  • 11:00 - 12:00
    Capriccio
    Haite Schukking
  • 12:00 - 14:00
    Blasmusik im Herzen
    Durk en Annelies
  • 14:00 - 17:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 17:00 - 18:00
    Geloven en Beleven
    Harry Nienhuis
  • 18:00 - 19:00
    Wâldklanken
    Harry Nienhuis
  • 19:00 - 21:00
    RTV Metalcafé
    Marcus en Jitse
  • 21:00 - 22:00
    Met de voet tussen de deur
    Martin van der Velde
  • 22:00 - 00:00
    New Age
    Kees Haremaker
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?