Sakrekt is by Utjouwerij Elikser in Frysk jongereinboek ferskynd: The challenge fan de skriuwster Anita Terpstra, oerset út it Nederlâns troch Martsje de Jong. It boek sil brûkt wurde by it projekt LêsNO, in lêsbefoarderingsprojekt foar jongerein yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. It projekt is op inisjatyf fan it Platfoarm Lêsbefoardering Frysk ta stân kaam en is yn 2020 in gearwurking fan FERS, Cedin, Utjouwerij Elikser en Stichting Lezen.
Oer it boek:
‘Wêr bin ik? Wat is dit? Wa binne jim?’ frege Jesse bang. Hy siet op in houten stoel. Syn hannen wienen fêstbûn achter syn rêch, syn ankels fêstmakke oan de spilen. Hy koe gjin kant op. Foar him stienen twa figueren yn swarte overals, de gesichten ûnwerkenber, om’t se in mûtse op hienen dy’t harren hiele holle beduts, op de eagen nei.
Jesse wurdt ûntfierd troch twa ûnbekende figueren. Se twinge him om mei te dwaan oan The Challenge: in soarte fan spul wêrby’t er in oantal walchlike opdrachten útfiere moat, sa as bygelyks fiif teanneils opite. It hiele barren wurdt live útstjoerd. Wa binne de beide figueren? En wêrom ha se him pakt?
Wilens hâldt ien it trijetal yn ’e gaten …
Oer de skriuwster:
Anita Terpstra studearre sjoernalistyk en keunstskiednis. Se debutearre yn 2009 mei Nachtvlucht, dat nonimeare waard foar de Schaduwprijs en de Crimezone Thriller Award. Dêrnei hat se noch ferskillende thrillers publisearre, dy’t allegear posityf besprutsen waarden. Har boeken wurde ek yn Dútslân en Frankryk publisearre. Ek skreau se in non-fiksje boek oer grutte húshâldens, Het huis vol. The challenge is har earste boek foar dizze leeftiidsgroep.
Factsheet LêsNo, The challenge
LêsNo is in lêsbefoarderingsprojekt foar jongerein yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. It projekt is op inisjatyf fan it Platfoarm Lêsbefoardering Frysk ta stân kaam en is yn 2020 in gearwurking fan FERS, Cedin, Utjouwerij Elikser en Stichting Lezen. Doel fan it projekt is it fergrutsjen fan de lêswille by de doelgroep. Om dat doel te berikken wurdt socht nei in oansprekkend boek yn kombinaasje mei in oar medium. Yn 2019 ha hast 3000 learlingen út it fuortset ûnderwiis meidien oan it projekt. Neist it boek The challenge en in orizjineel foarmjûn ioansprekkend opdrachteboek mei ynfolposters, bestiet it projekt út in website www.thechallenge.frl, in audio- en meilêsferzy fan it boek en in lesbrief foar dosinten.
Fan 6 jannewaris 2020 ôf sille de learlingen seis wiken lang mei it projekt oan ’e slach. Alle learlingen krije in eksimplaar fan it boek en fan it opdrachteboek.
LêsNo is mei mooglik makke troch stipe fan de Provinsje Fryslân en Stichting Lezen.
Mear ynformaasje oer LêsNo: FERS, Gertrud Palstra, 058 – 2847723 G.Palstra@fers.nl. Mear ynformaasje oer it boek The challenge, útjouwerij Elikser, Jitske Kingma, 058 – 2894857. jitskekingma@elikser.nl.