Tijdens Dodenherdenking werd er in de Nederlands Hervormde Kerk aan de Foarwei in Damwâld een herdenkingsdienst gehouden. Tijdens deze dienst werd er stilgestaan bij alle mensen die hun leven gaven voor de vrijheid van anderen.
Na de herdenkingsdienst werden kransen en bloemen gelegd bij het Gemeentelijk monument aan de Haadwei. Het Gemeentelijk monument is een in hardsteen uitgevoerde beeldengroep van een gezin. De vrouwen- en mannenfiguur omarmen elkaar op troostende wijze. Het kind heeft bloemen in haar handen. De beeldengroep is geplaatst op een gemetseld voetstuk.
Tijdens de kranslegging was de Haadwei in Damwâld tijdelijk afgesloten voor al het verkeer. Na de twee minuten stilte en het Wilhelmus was er een toespraak van burgemeester Agricola:
“It monumint, hjir op‘e Krúshoeke, in man, in frou en in berntsje, stiet symboal foar in húshâlding yn in oarlochssitewaasje. De man mei it gesicht op‘e Falom, de frou mei it gesicht op Dokkum, treaste elkoar en it berntsje mei blommen moat de takomst yn frede ferbyldzje. Op 19 jannewaris 1945 wie ommers de oanslach by de flapbrêge op‘e Falom. As represaille foar de dea fan twa besetters wurde der op 22 jannewaris yn Dokkum 20 minsken fusilleard. It monumint, makke troch David van Kampen, is fan bliuwende wearde foar ús gemeente. It docht ús alle jierren wer letterlik stilstean by it oarlochsgeweld dat him ek yn hjir, sa tichtby ôfspile hat.
Hjoed betinke wy de Nederlânske oarlochsslachtoffers. Elkenien – boargers en militêren – dy’t yn it Keninkryk der Nederlanden of wêr ek mar op‘e wrâld, omkommen as fermoarde binne sûnt it útbrekken fan de Twadde Weareldoarloch, en dêrnei yn oarlochssitewaasjes en by fredesoperaasjes. Hjoed betinke wy ûnder oaren Jochum Fennema. In jonge boer dy’t opgroeide yn de gemeente Dantumadiel. Jochum berne yn Driezum, wie noch mar ien jier âld doe’t er syn mem ferlear. Hy waard grutbrocht by in omke en muoike yn Rinsumageast. Yn 1936 troude er mei Antje Miedema. Hja buorken op in spultsje oan de Dokkumerloane yn Wâlterswâld en hienen twa bern, Akkeliena en Sjoerd Klaas, doe’t de oarloch útbruts.
Jochum waard by de mobilisaasje yn 1939 oproppen foar it leger en yn de maaiedagen waard hy stasjoneard yn de omkriten fan Haarlem. Op Pinkstersnein 12 maaie 1940 tilde it op fan de Dútske parasjutisten dy’t delkamen yn de dunen by fleanfjild Valkenburg ûnder Katwijk. Jochum soe sneuvelje tidens de gefjochten dy ’t dêr op folgen. Jochum soe net wer weromkomme oan de Dokkumerloane yn Wâlterswâld. Hy wie noch mar 28 jier, syn frou en beide berntsjes bleaunen achter sûnder man en heit. Mei 44 oare sneuvele militêren is Jochum begroeven yn it doarpke Valkenburg. Jochum Fennema is ien fan de nammen fan ynwenners fan Dantumadiel dy’t foar it lân fallen binne, de namme stiet ek op it oarlochsmonumint oan de Eyssingawei te Rinsumageast.
It monumint hjir hâldt de herinnering net allinnich oan Jochum libben mar ek oan al dy oaren dy’t sneuvele binne foar ús frijheid. Hjoed en yn de takomst. Dêrom wolle wy ek dat safolle mooglik bern en de jongerein aktyf meidogge en stilstean by De Dei fan de Frijheid. Hieltiten mear komt it besef dat de geskiedenis fan oarloch en befrijing net allinnich is fan wat west hat, fan froeger. Wy libje yn in wrâld wêryn’t wy alle dagen wer oan konfronteard wurde mei oarloch en frede.
Basisskoalle De Fontein hat it monumint adopteard. Troch op it monumint te passen reitsje hja belutsen by de geskiedenis. Hja ûntdekke it ferhaal achter dit monumint. Hja leare wat ‘herdenke’ is en wêrom’t it sa belangryk is om de ferhalen út de oarloch, troch te fertellen. Want sa’t monumint ús al fertelt: Frijheid is in kar dwaan, tusken goed en kwea, en dêr foar stean en as ’t moat, dêr foar foar falle. Litte wy dêrom hoopje dat wy en ús jeugd noch lang dy frijheid hoedzje meie en noait dy drege keuze hoege te meitsjen.”