HEARRENFEAN – Jurre Kuipers, Marrit Boetje en Marije Reitsema hawwe de 79e edysje fan FeRstival wûn, de Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean makken sy mei harren foardrachten de measte yndruk op de sjuery.
Jurre Kuipers fan Piter Jelles Stedsgymnasium wie de grutte winner by de Starters, de kategory foar earsteklassers. Hy die dat mei it gedicht ‘Myn klean’ fan Jelle Bangma. “It plaatsje kloppe by Jurre syn foardracht, der wie rêst, ôfwikseling en mimyk,” sei Starters-sjueryfoarsitter Albert van der Tuin.
Yn de kategory Trochsetters, foar twadde- en treddeklassers, wie it earste plak foar Marrit Boetje fan VO Surhústerfean. Dat wie mei it gedicht ‘Myn freon’ fan Meintsje Brouwer. “It wie ferskuorrende spannend yn ús kategory, want de dielnimmers sieten ticht by-inoar, mar by ien wie de hiele seal echt mûsstil,” fertelde Joke Scheffer, sjueryfoarsitter fan de Trochsetters. By de Toppers, foar fjirdeklassers en heger, wie Marije Reitsema fan it Lauwers College Bûtenpost krekt lykas ferline jier de bêste. Sy droech it fers ‘Eigen gedicht’ fan Elske Kampen foar. Der diene 30 dielnimmers oan de finale mei, op de foarrondes kamen yn totaal 65 dielnimmers ôf.
Jongerein en Fryske poëzij
FeRstival wurdt organisearre troch Cedin ûnder de flagge fan Taalplan Fries 2030. FeRstival waard yn 1942 troch de Fryske Underwiisrie ynsteld. Doel wie om de belangstelling te befoarderjen foar poëzy, en dan benammen foar de Fryske. De inisjators fûnen it ek wichtich dat learlingen ûnderfine hoe’t it is om op in poadium te stean. Yn al dy jierren hawwe hiel wat pubers meidien dy’t it letter makke hawwe op de planken. Tink oan Rients Gratama, Nynke Laverman, Tet Rozendal en Theun Plantinga. Takom jier bestiet Ferstival 80 jier!
Fotobyskrift: Marrit Boetje draacht ‘Myn freon’ foar.
Alle winners fan 2022:
Starters (earsteklassers)
Trochsetters (twadde- en treddeklassers)
Toppers (fjirdeklassers en heger)