KOLLUMERSWEACH – Op tongersdei 11- en freed 12 july wie it feest op CBS de Stapstien yn Kollumersweach.
Juf Bettie giet nei 46 jier fan wurkjen by de beukers mei pensjoen. De bern en âlders soargen op tongersdeimiddei foar in “high tea” yn it boarterslokaal. Juf Bettie wie bliid ferrast. Ek de skoalle wie fleurich versierd mei harten en hantsjes fan de bern. Fierder krige se fan alle bern en âlders in een moaie klok mei in foto fan har groep mei de siswize: De tiid haldt gjin skoft.
Op freed wie it ôfskie fan de kollega’s oan de beurt. As ferrassing waard Bettie ophelle fan thús en opwachtte troch it foltallige team fan kollega’s by De Stapstien. Mei earebogen en in reade loper. Wol binnen, want it waar liet te winskjen oer. Nei in waarm wolkom troch “Johan Derksen” en it oanbieden fan in EHBP (Earste Help By Pensjoen) koer, mei fan alles en noch wat, wat helpe kin om de ledige tiid aansen wat troch te kommen, waard er gong set nei it Blommenparadyske foar in foodwalk en thee/kofje mei gebak. Oanslútend waard de pensionado yn spé in itentsje mei al har kollega’s oanbean yn Bûtenpost.