KOLLUMERSWEACH – Op tongersdei 11 july naam juf Anneke Beunder-Salverda ôfskied fan it ûnderwiis yn Kollumersweach. Earst fanôf 1978 oant 1995 op de Ds Griffijnskoalle en dêrnei noch mear as 25 jier op de Stapstien. Meiinoar 45 jier yn Kollumersweach.
Se sil de kommende jierren har karriére ôfslute op skoalle yn Boerum. De lêste jierren stie se net mear foar de groep, mar se wie IB-er/KWO-er. Dat hâldt yn, dat hja kollega’s en âlders begeliedt, as der wat spilet op skoalle.
Op tongersdei waard hja ûntfierd yn in cabrio fanút Boerum nei Kollumersweach. Dêr stiene de kollega’s har al op te wachtsjen. Dêrnei wie der noch in ûnferwachte reüny mei de âld-kollega’s fan de Ds. Griffijnskoalle. En fansels wiene har soan Tjerk en dochter Nynke en beppesizzer ek ûnferwacht oanwêzich. It wie noch lang ûnrêstich op de Stapstien.