Jou in bern in boek útwreide nei mear gemeenten · Foto('s): Gemeente Achtkarspelen
  Gemeente Achtkarspelen

Jou in bern in boek útwreide nei mear gemeenten

vrijdag 28 oktober 2022

BUITENPOST – Dit jier slút ek gemeente Achtkarspelen oan by Jou in bern in boekit inisjatyf om bern oan te moedigjen om Frysk te lêzen en te skriuwen. Al 16 jier krije de bern fan groep 5 yn gemeente Noardeast-Fryslân in Frysk boek kado fan gemeente Noardeast-Fryslân en Bibliotheken Noord Fryslân. No’t gemeente Achtkarspelen meidocht, wurde der sa’n 900 boeken útdield. Op 28 oktober rikte wethâlder Aant Jelle Soepboer de earste boeken út oan skoalbern yn Koatstertille.

Dit jier krije alle bern fan groep 5 yn de twa gemeenten (sa’n 900) it boek De Goargels kado. It boek is útjûn troch de Afûk en in oersetting fan de populêre reeks fan kabaretier Jochem Myjer. Wethâlder Aant Jelle Soepboer oerhandige de earste boeken oan de bern fan de groepen 5 fan de Oranje Nassau skoalle, Obs De Balkwar en Cbs De Merlettes yn Koatstertille. Wethâlder Soepboer: “Ik fyn it geweldich dat wy dit jier mar leafst 900 bern bliid meitsje kinne mei dit machtich moaie boek. It is belangryk dat bern net allinnich yn har memmetaal prate mar ek gauris lêze en skriuwe, dat soe wat my oanbelanget de gewoanste saak fan de wrâld wêze moatte. Eins soe it Frysk as memmetaal folle mear omtinken ha moatte by taallessen, wy gean noch fierstente folle út fan it Nederlânsk.” Wethâlder Sierd Vegelin (behindere by de útrikking) fan Achtkarspelen heakket dêr oan ta: “Jong leard is âld dien en dêr leverje wy foar wat it Frysk oanbelanget, graach in bydrage oan troch mei te dwaan oan ‘Jou in bern in boek’. Tank oan myn kollega wethâlder Soepboer dat er de honneurs waarnimt foar my en de boeken útdielt oan de bern yn Koatstertille.”

Feestlike start yn Koatstertille
Sa’n 40 bern út groep 5 fan de basisskoallen út Koatstertille ha in feestlike moarn hân yn It Tillehûs mei in nijsgjirrich programma om it boek hinne. De bern seagen in fideoboadskip fan skriuwer Jochem Myjer en dienen mei oan in spannende kwis. Alle bern gongen mei it boek De Goargels ûnder de earm wer nei hûs.

De kommende wiken geane de lêskonsulinten fan Bibliotheken Noord Fryslân by alle skoallen yn gemeenten Noardeast-Fryslân, Achtkarspelen en de Roobol skoallen yn Dantumadiel del mei de boeken foar groep 5. Ek is der in lesbrief ûntwikkele mei ekstra ynformaasje en opdrachten.

Oer Jou in bern in boek
It projekt Jou in bern in boek is 16 jier lyn begûn in gemeente Ferwerderadiel. It is ûnderdiel fan in aktyf Frysk taalbelied. Nei de weryndieling hat gemeente Noardeast-Fryslân it projekt trochsetten. Dit jier is it foar it earst dat gemeente Achtkarspelen meidocht.

Bijschrift foto: Jurre Wijbenga krijt in boek fan wethâlder Aant Jelle Soepboer.

Auteur: Redactie RTV NOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 08:00
    Harteklanken
    Non-stop
  • 08:00 - 10:00
    Klankbord
    Geestelijk verzoekplaten programma
  • 10:00 - 12:00
    Op 'e Hichte
    Nieuws uit Achtkarspelen & Tytsjerksteradiel
  • 12:00 - 14:00
    De Weekend Nieuwsshow
    Nieuws uit Dantumadiel & Noardeast-Fryslân
  • 14:00 - 18:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 18:00 - 20:00
    Hollandse Toppers
    Tinus Kempenaar
  • 20:00 - 22:00
    Hollands op zijn Best
    Joege en Jikke
  • 22:00 - 00:00
    Hit Tijdmachine
    Dicky Denkers
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?