Op tongersdei 23 jannewaris hat FNP Noardeast-Fryslân in moasje yntsjinne oangeande it baggerdepot neist it greidefûgelgebiet yn Raard.
Yn ferskate media wie te lêzen dat de fûgelwacht Raard-Brantgum bot skrokken is dat der in baggerdepot yn Raard kaam is neist in stik lân wat ynrjochte is om de greidefûgels de romte te jaan. Troch dizze wurksumheden is de kâns tige grut dat der aansten gjin fûgel mear briedsjen giet yn dit lân, dit soe skande wêze fan al it wurk en al de ynvestearringen dy ’t der dien binne om sa mear greidefûgels yn en nei dit gebiet te krijen.
Om’t de FNP fraksje fan Noardeast-Fryslân it tige wichtich fynt dat greidefûgels de romte krije hat de fraksje earst skriftlike fragen stelt oan it Kolleezje fan B&W fan de gemeente Noardeast-Fryslân. De FNP woe graach witte hoe oft it koe dat der nettsjinsteande alle negative advizen yn, der dochs baggerdepots komme, en wat der nei de wurksumheden oan dien wurde sil oan behâld fan de greidefûgels en oan it fuortsterkjen fan de populaasje.
Mei de beäntwurding is der dúdlikheid kaam op de fragen, mar der ûntstiene tagelyk ek soargen, wurdt der wol genôch rekken hâlden mei de greidefûgels en de natuer? Hie dit net oars kinnen? Om’t de FNP greidefûgels de romte jaan wol, binne we mei in moasje kaam.
Mei dizze moasje ropt de FNP op om soarchfâldiger ôfwagingen te dwaan oft der fergunningen ôfjaan wurdt yn natuergebieten wêrby dat grutte gefolgen ha kin foar de greidefûgels en de natuer en mocht it dan net oars kinne dat der wurksumheden útfiert wurde moatte, dan moat dat kompensearre wurde en moatte der konkrete aksjes útfiert wurde foar behâld fan de greidefûgels en fersterken fan de populaasje…
Dizze moasje is mei yntsjinne troch de partijen: SIN, Gemeentebelangen, PvdA, ALL en de Christen Unie, en úteinlik is de moasje riedsbreed oannaam! De FNP is tige bliid dat greidefûgels no de romte krije…
Groetnis Ykje van der Wal
Fraksje ûndersteuner FNP Noardeast-Fryslân