Justerjûn binne de jierlikse klupkampioenskippen fan de ljeppersklup Bútenpost sprong. Wa ljept it tichst of oer harren persoanlik rekor hinne? It wie foar in pear hiel spannend Baukje de boer wist foarich jier te winnen en gie ek juster dik 40 sentimeter oer har rekor.
Mar de wiksel beker gie mei Maaike Veldman (6.14m) mei nei hûs sy wist mei 73 sentimeter oer har besteande rekor hinne te springen. En sy krige út hannen fan Foarsitter Dries Braaksma de wikselbeker. De ljeppers dy tiidens de wedstryden it faakst in wiet pak hellen wienen by de fruolje Akke Talsma en by de manlju Jan Cornelis van Maarsen sy gienen nei hûs mei in badhandoek. Fierders waard der dit kear ljept yn twa tallen en dizze wedstyd (mei 14 twa tallen) wisten Marieke Jelsma en Rienk Sjoerd Fennema te winnen.
Fierders wie der foar eltsenien nei ôfrin in hapke en in drankje en geane wy mei in tefreden seisoen de winterstop yn. Neie wike springt Ulko Dijkstra út Aldwâld nog mei oan it Nederlansk Kampioenskip yn Gryptsjerk dit begjint om 13.00 oere op sportpark de Enk.
© Verslag: Hillyjanna Hoeksma
foto 8. Rienk Sjoerd Fennema & Marieke Jelsma