DAMWÂLD – By de jierfergadering fan ‘IJsclub Akkerwoude’ is Jan Dantuma beneamd ta Earelid. Jan hat 35 jier yn it bestjoer sitten en hat yn dy tiid alles regele wat jo mar betinke kinne.
Wetter op de baan, musyk, de ferljochting, koek en zopie, alles klearsette foar fergaderingen, de ketering, ûnderhâld oan gebou, de financiën, it secretatiaat, fergunningen foar ringriderij en de ‘Avondvierdaagse’.
No mei it âlder wurden hat Jan al fjouwer jier oanjûn dat hy ophâlde woe en wy ha it as bestjoer noch rekke kind. Mar no is it dochs sa fier. Syn wurk is ferdield oer trije (!) oare bestjoersleden en Jan hat in koer mei ynhâld en in boskje blommen foar syn frou Lutske krige. En hjirby wolle wy him nochris tige tank sizze om wat er altyd foar de IIsclub dien hat.