Op woansdei 27 febrewaris wie it feest by pjutte-opfang It Wrottershonk yn Kollumersweach. De lokaasje wurket sûnt de maityd fan 2015 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en dêr in sertifikaat foar behelle.
Jelle B hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ oan pedagogysk meiwurksters Lia, Aaltje en Inge oerlange. Der wie in feestprogram foar de bern, mei ûnder oaren in foarstelling fan Riemkje Pitstra, der waard schminkt, der koenen tattoo’s setten wurde en de bern koenen op de foto mei Tomke.
It Wrottershonk en twatalichheid
It Wrottershonk is in partikuliere pjutte-opfang. Sy binne fêstige yn CBS De Stapstien. Der is in goede gearwurking tusken de skoalle en de pjutte-opfang; der wurdt wurke mei deselde tema’s en metodiken. Dit makket de oerstap fan It Wrottershonk nei skoalle noflik.
It wurkjen mei in twatalich belied sjocht der op dizze lokaasje as folget út: Lia en Aaltje prate Frysk en Inge Nederlânsk. Sy prate de hiele dei yn har fêste taal. Der is omtinken foar beide talen by it oanbieden fan aktiviteiten lykas sjongen en foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.
Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by It Wrottershonk west te sjen. Sy hifkje ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. De kommisje skriuwt yn har rapport oer de taalomjouwing ûnder oaren: ‘De liedsters biede de bern passend materiaal oan by it tema. Mei freegjen en trochfreegjen soargje se der foar dat de bern neitinke en mei in antwurd komme. Op dizze moarn lies de liedster it boek Hoofd, schouders, knieën, teen foar yn it Nederlânsk.
De oare liedster skode de stuoltsjes wat nei efteren sadat elk de printen goed sjen koe. It ferhaal nûge út ta fragen en bewegingsspultsjes. Ek de allerjongste bern hiene dêr niget oan.’ En oer it pedagogysk taalklimaat: ‘De liedsters observearje de bern goed en stypje harren by it boartsjen. Se lizze dúdlik út en geane yn op fragen. De moarn hat in fêste struktuer. Dy wurdt trochnaam mei de bern as se by it begroetsjen yn ‘e rûnte sitte.’
By it sertifisearringstrajekt krijt It Wrottershonk begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it SFBO binne rom 250 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.