It stik ‘Wat Soesto’ fan Pier21 winner Fedde & Martha Bergsma Priis 2021 · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

It stik ‘Wat Soesto’ fan Pier21 winner Fedde & Martha Bergsma Priis 2021

woensdag 08 december 2021

LJOUWERT – Yn it rapport neamt de sjuery spesifyk de hege kwaliteit fan de 37 ynstjoerde stikken, in rekord oantal! Der wienen in fiiftal stikken nominearre, nammentlik: ‘Ferlies yn Lockdown’ fan Tet Rozendal, ‘Griener Gers’ fan Anja Steegstra, ‘Oera Linda de mjoesikul’ fan Hans Brans, ‘Raze om protters’ fan Eelco Venema en ‘Wat Soesto’ fan Freark Smink. De sjuery hat, nei trije omgongen en hoeden en sekuer beried, keazen foar ‘Wat soesto’ fan Freark Smink. De priis bestiet neist in oarkonde út in jildbedrach fan 1000 euro.

Ien kear yn de trije jier wurdt de Fedde & Martha Bergsma Priis takend oan de skriuwer fan de bêste, oarspronklik Fryske toanieltekst fan dy perioade. Dizze literêre priis is yn 1992 ynsteld troch de yn 2014 ferstoarne Ari van Tienhoven. Van Tienhoven hat yn it lêste jier fan de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûkt west by de famylje Bergsma yn Jellum. Fedde en Martha Bergsma wienen altiten warber mei toaniel en stienen oan de widze fan toanielploech Tryater. Foargeande winners fan de priis binne ûnder oaren Rients Gratema, Romke Toering en Bouke Oldenhof.

De sjuery bestie út: Bouke Oldenhof, Gerrit Hoekstra en Tsjerk Bottema.

De útrikking fan de priis soe wêze yn desimber tagelyk mei dy fan de Pyt v/d Zee priis. (De priis foar de persoan of organisaasje dy’t it meast betsjut hat foar it teäter yn Fryslân de ôfrûne trije jier.) Yn ferbân mei de hjoeddeiske omstannichheden is de útrikking fan beide prizen útsteld nei begjin maart 2022.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 18:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 18:00 - 19:00
    Lytse Klankjes
    Jikke Wiersma
  • 19:00 - 21:00
    Leafde foar Muzyk
    Klaske Ferwerda
  • 21:00 - 23:00
    De Smachtwacht
    Mark & Frank Spijkers
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?