De leden fan toanielferiening It Moat Kinne fan Broeksterwâld/ De Falom hawwe alle jieren nei ofrun fan it toanielseisoen in gesellich útstapke. Nei moannen fan tarieding spile It Moat Kinne dit jier it stik “Anatevka” wat troch sawol parse as publiek as in boppeslach sjoen waard. Om aanst wer fol frisse enerzy it nije seisoen yn te gean wie it útstapke fan dit jier by Iepenloftmuseum De Sûkerei yn Damwâld.
De Broekster toanielploech hat dit foarjier al figureart by de iepening en hja binne te sjen yn de film dy’t yn it iepenloftmuseum draait wurdt. Ofrune sneon koene hja, dizze kear sûnder figurantenrol, mei eigen eachen sjen wat it einresultaat wúrden is. Nei ûntfangst mei kofje en in echte ‘sûkereikoek’ waarden wy wolkom hjitten troch in stikmannich frijwillgers fan it iepenloftmuseum. De Sûkerei fertelt op in ynteraktyfe en iepen wize it wenjen en wurkjen yn ferline tiden mei fansels in prominente rol foar de sûkereiteelt yn Noardeast Fryslân.
De toanielfreonen fan It Moat Kinne koene werom sjen op in slagge utstapke, wêrby de aldere spilers in protte herkenbare saken tsjin kamen en de jongere garde in soad nijskjirrigheden seach. Mei dizze ‘teambuilding’ kinne hja wer oan de slach mei it nije toanielstik wat dit winterskoft wer spyle wurdt.
© Foto: Radio Noordoost-Friesland