It Joadendom yn Broeksterwâld · Foto('s): 

It Joadendom yn Broeksterwâld

zondag 03 februari 2008

It Joadendom yn Broeksterwâld. It klinkt as in net alledaagse kombinaasje. Mar dit winterskoft sil toanielferiening It Moat Kinne fan Broeksterwâld/ de Falom wer âlderwets toaniel op de planken bringe mei Anatevka. It ferhaal oer de Joadske mienskip yn Ruslân oan de ein fan’e 19e ieu. Anatevka waard earder al brocht as Fiddler on the Roof op Broadway en yn ferskillende oare lannen, werûnder ein jierren ’90 yn Nederlân as musikal en iepenloftspul yn Jorwert. Ek waard it ferhaal twa kear ferfilme. No komt toanielferiening It Moat Kinne dus mei it Fryske toanielstik binnendoar. De spyldata foar dit âlderwetse toanielbarren binne freed 8, sneon 9, freed 15 en sneon 16 febrewaris en op freed 7, sneon 8, freed 14 en sneon 15 maart. De seal is iepen om 19:30 oere, it stik begjint om 20:00 oere.


Kaarten binne 10 euro it stik en kinne fanôf no telefonysk bestelt wúrde by Joke Ijsinga, Haadwei 2 op nûmer 0511-424268 of by Janny Haakma, Kavelwei 32 op nûmer 0511-422925. Wês der fluch by, want op = op. Plak fan spyljen is doarpshûs De Pipegeal, Dûmny
Feitsmawei 1A yn Broeksterwâld.


It ferhaal “Anatevka” giet oer haadrolspiler Tevje dy’t mei syn gesin yn it Russyske doarpke Anatevka wennet. Harren betrouen yn God is grút en de ieuwenâlde tradysjes wurde yn de Joadske mienskip swier naam. De ûntwikkelingen yn de wrâld geane troch en de ynfloed derfan wurd dudlik makke yn dit earmoedich en ienfâldich doarpke. Yn it ferhaal is de spanning fan de Russyske Tsaar en de op hannen steande revolúsje te fielen. Hokker kar makket Tevje tusken de ieuwenâlde tradysjes en de leafde foar syn gesin.


© Foto’s: Radio Noordoost-Friesland

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.
It Joadendom yn Broeksterwâld · Foto('s): 
  

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 08:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 08:00 - 09:00
    Goed Gestemd
    Oebele en Sia Vries
  • 09:00 - 11:00
    Tsjerke-tsjinst
    Dienst uit de streek
  • 11:00 - 12:00
    Capriccio
    Haite Schukking
  • 12:00 - 14:00
    Blasmusik im Herzen
    Durk en Annelies
  • 14:00 - 17:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 17:00 - 18:00
    Geloven en Beleven
    Harry Nienhuis
  • 18:00 - 19:00
    Wâldklanken
    Harry Nienhuis
  • 19:00 - 21:00
    RTV Metalcafé
    Marcus en Jitse
  • 21:00 - 22:00
    Met de voet tussen de deur
    Martin van der Velde
  • 22:00 - 00:00
    New Age
    Kees Haremaker
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?