Freed 26 en sneon 27 jannewaris hat It Hantumer Ploechje it stik “Dizze frou… is jo man” útfierd yn Doarpshûs d’Ald Skoalle Hantum foar in moaie folle seal.
It wie wer as fanâlds “lachen, gieren, brullen”, de seal lei betiiden dûbel fan it laitsjen om it ferhaal fan Annie Zuiderhorn, in allinichsteande mem dy’t rûnkomme moat fan in útkearing, prachtich delset troch Karen Hogenhorst. Annie hat in freon oer de flier, Pierre, spile troch Bjinse Lawerman, dy’t him wol yn hiele núvere bochten wringe moat om te foarkommen dat de kontroleur fan de sosjale tsjinst Jaap Brekeveld, delset troch Jelle Auke Vrieswijk, der efter komt dat Annie fraudeart. De ynwenjende dochter fan Annie docht ôfgriselik har bêst om har slach te slaan en der better fan te wurden, in rol dêr’t Nynke Lawerman mei rêdt.
As dan ek noch in bemuoisuchtige buorfrou Miep (Sjoukje Lawerman) mei har miskien dochs net sa slûge man Arie (Oane Sijens), de frou fan Jaap, Gonda Brekeveld (Elly Visser) en de echte Henriette Reinders (Caroline Bouius) op it aljemint komme is de komoasje hielendal kompleet. Al mei al hiel moai delset troch de spilers ûnder rezjy fan Lucas de Blécourt. De smynk wie yn de fertroude hannen fan Agnes Waterval.