FERWERT – “Harmoniseren kun je leren” soest dochs sizze? As jo as gemeente al trije jier dwaande binne om jo belied te harmonisearjen, en dat op ferskate dossiers al suksesfol dien hawwe, dan witte jo sa stadichoan wol hoe’t it moat! Dan hoecht ien fan de lêste dossiers gjin probleem mear op te leverjen dochs? Yn Noardeast-Fryslân is foar it harmonisearjen fan de âld-papier-ferwurking dêrom de folgjende rûte betocht: earst in saneamde ‘konsultaasjeronde’ wêryn’t de ferienigings har útsprekke mochten, doe in harksitting mei riedsleden derby, doe in debat en úteinlik, op tongersdei 2 desimber, it beslút. In prima rûte soe men sizze kinne, mar wêrom binne der dan dochs sa’n 30 protestbrieven binnen kaam fan doarpshûzen, tsjerken, korpsen en oare ferienings? Guons sammelje al mear as 100 jier sels it âld papier en fertsjinje dêr krekt genôch mei om de kop boppe wetter hâlde te kinnen. Ik freegje my ôf oft men op dy rûte wol echt harke hat nei de lûden út de mienskip. Of wie de oanstriid om te harmonisearjen grutter as de wil om rjocht te dwaan oan de ferienings, om nei te tinken oer in gaadlik alternatyf lykas it Waadhoeke model wêryn’t elk syn eigen metoade fan opheljen hâlde kin mar op priis harmonisearre wurdt?
Fan it begjin ôf is der stjoerd wurden op in blauwe kontener, nettsjinsteande alle lûden. En dy blauwe kontener, dy feroaret alles. Gjin skema’s mear fan opheljen, gjin frijwilligers mear yn’t spier, net mear yn waar en wyn mei inoar papier helje. Jo soene sizze kinne dat dat just in foardiel is, mar it tsjinoerstelde is wier. Dizze minsken wolle en kinne wat betsjutte foar harren doarp, buert of feriening. Dy sosjale gearhing is net mei jild te keap, al hielendal net mei it dûbeltsje wat de gemeente ferwachtet te besparjen mei har nije belied.
Nee it systeem mei eigen middels by de doarren del, it praatsje op strjitte, by de âlderein it papier út ‘e garaazje helje, it bakje kofje, it waarme gefoel as jo in oar helpe kinne…. Dat is neffens my net te ferfangen, dát is leefberheid! Leefberheid wêr’t wy as gemeente altyd de mûle fol fan ha mar dat wy blykber foar in habbekrats by it âld papier sette, om mar harmonisearje te kinnen.
Ik bin bliid dat, mei help fan al dy brieven, it riedsbeslút fan 2 desimber fan tafel fage is. Noch altyd binne der partijen dy’t it net ynsjen wolle, mar der moat neffens my in riedsfoarstel komme, dat rjocht docht oan de ferienings en wêryn’t mear te kiezen falt as allinnich in blauwe kontener. Ik sjoch dat stik mei belangstelling yn de mjitte mar kin jo tasizze dat as it der net op liket, it wer bedarje sil op it plak wêr’t it heart…….Yn de blauwe konteners fan foarmalich Kollumerlân en yn de rest fan de gemeente oan ‘e kant fan ‘e dyk!
Hanneke Jouta
Riedslid foar de FNP yn Noardeast fryslân: