NOARDEAST-FRYSLAN – De wynmûne by Moddergat driget fergrutte te wurde. De yndustriële poddestoel sjit mei mear as tweintich meter wjukhichte omheech en sil it prachtige wrydske lânskip fan it Waadgebiet dominearjen gean mei syn ymposante 60-meter hege izeren statuer en it doarp Paesens-Moddergat oerskaadzje.
As fraksje FNP Noardeast witte wy dat it kolleezje guon juridyske ferplichtings hat oangeande it ôfjaan fan fergunnings dy’t foar sawol de oanfreger as de beswiermakkers jildzje. Lês it mar as de letter fan de wet. It kolleezje fan Noardeast-Fryslân hat op 15 desimber 2020 dan ek it beslút nommen om de omjouwingsfergunning foar it ferfangen fan de wynmûne oan de Mokselbankwei yn Moddergat yn stân te litten, nettsjinsteande alle beswieren. Hja beroppe har dêrby op de besteande fergunning en de enerzjy-opjefte foar de takomst.
De FNP fynt dat te koart troch de bocht. Want is der wol draachflak?
“By de grutste enerzjytransysje ea, mei grutte gefolgen, moatte de ynwenners goed meinaam wurde, de saneamde boargerpartisipaasje moat de basis wêze” Sa beredenearret fraksjefoarsitter en wurdfierder Bert Koonstra. “It wurdt ek neamd yn it bestjoersakkoart fan de Provinsje Fryslân en it koälysje-akkoart ‘Trochpakke’ fan gemeente Noardeast-Fryslân. Koart sein: der moat genôch draachflak wêze. Ek moatte de opbringsten nei de lokale mienskip gean en it moat yn de omjouwing passe. It blykt út neifraach by it doarpsbelang, dat de stifting ‘Dorpsmolen Ternaard’ har mar hiel summier yn de plannen meinaam hat.”
De FNP ropt oankommende tongersdei 21 jannewaris 2021 middels in moasje it kolleezje op om in ûndersyk by minimaal 75% fan de ynwenners fan Paesens-Moddergat út te fieren, om it draachflak foar de wynmûne te mjitten, ynsichtlik te meitsjen wat de opbringsten fan de wynmûne foar doarpsbelang Paesens-Moddergat no krekt binne en hokker bestjoerlik poadium de ynwenners fan Paesens-Moddergat no krekt yn de stifting ́Dorpsmolens Ternaard ́ krije sille. As út boppesteande antwurden blykt dat der te min draachflak is moat it kolleezje neffens de FNP alle prikken yn it wurk stelle om de fergunning te werroppen.
“Mei sa’n mûne op sa’n plak komme jo net allinnich oan de leefberens fan de minsken út de buert, jo degradearje de wide omkriten ta enerzjyfabryk en molestearje it lânskip en dêrmei de toeristyske wearde fan it gebiet. It kolleezje moat dêrom net allinnich nei de letter fan de wet sjen, mar hannelje yn de geast fan it bestjoersakkoart Provinsje Fryslân en it koälysje-akkoart. Sa bliuwe de polityk en de mienskip tichter by inoar”.