NOARDEAST-FRYSLÂN – Under it beslút transysjefyzje waarmte fan 2 desimber lêstlyn, kamen FNP en Actief Lokaal mei in moasje om de doar nei griengas sa ticht as mooglik te smiten salang’t hja stank- en lûdsoerlêst feroarsaakje, en it dus net as gaadlike opsje yn’e transysjefyzje waarmte mei te nimmen salang’t dat wol it gefal is.
De FNP fynt dat troch de grutte oerlêst dy’t noch altyd muoit is mei de hjoeddeiske technyk, it produsearjen fan grien gas no te betiid foar de gemeente Noardeast- Fryslân komt. “Spitigernôch krigen wy doe gjin mearderheid fan ‘e ried efter de moasje”: seit Bert Koonstra. Mar troch oan te hâlden as storein slagge wurdfierder Bert Koonstra der wol yn in ûnferwachte hantrekken fan it kolleezje te krijen.
It kolleezje koe FNP har redenaasje, dat der op it stuit in grutte mienskiplike wjerstân tsjin dongfergisters is, wol beklamje. De doe taseine wurden binne woansdei yn dieden omsetten. Troch it saneamde tariedingsbeslút moat der no binnen ien jier in nij bestimmingsplan mei nije beliedsramten komme. De FNP sil it hiele proses oandachtich folgje, en wêr’t it moat en kin bystjoere.
Fan 2 febrewaris 2022 oant 1 febrewaris 2023 is der foarearst in tydlike stop op nije,- en it útwreidzjen fan dongfergisters yn gemeente Noardeast- Fryslân!