NOARDEAST-FRYSLÂN – Wy begripe dat it ek net ta falt om de begrutting elk jier wer slutend te krijen mei allerhanne ynterne en eksterne problemen. De Haach gunt ús blykber gjin strukturele finansjeel mearjierrenperspektyf.
Wy sjogge dat de gemeente Noardeast mear en mear as in pakezel fungearret. In pakezel mei triljende knibbels en trochsakke rêch wylst de lêsten allinnich mar tanimme. Koer op koer op koer wurdt der op dy rêch steapele. De Partisipaasjeswet, de jeugdsoarch, de Omjouwingswet, neidielige werferdieling gemeentefûns. Tiid foar rêst hat de ezel net, om mar te swijen fan goed iten.
No is de ezel in trochsetter, hy jout fuort gjin belies, mar it is in kwestje fan tiid ear’t de lea him bejout. Hoe’t it oars moat wit er sels ek net, hy moat dochs trou syn wurk dwaan? Hy is en bliuwt in ezel.
Der wurdt de FNP wolris ferwiten “lokaal te tinken,” om’t wy de problemen werom kipe wol by De Haach oer it sket yn stee fan ús OZB te ferheegjen. Mar wy kinne dochs net oars? As it imuum- systeem fan ús mienskip oanfretten wurdt troch de Haachske baktearje?
As de FNP net opkomt foar ús lokale mienskip wa sil dat dan dwaan? Wy begripe dat it kolleezje allerhanne babbelegûchjes betocht hat om de mearjierrebegrutting slutend te meitsjen, om net ûnder provinsjaal tafersjoch te kommen. Mar wy fine de 10% OZB ferheging per jier, al hoe kreatyf betocht ek, in folslein ferkeard sinjaal.
Wy passe derfoar om op wat foar wize dan ek de finansjele pine dy’t De Haach ús besoarget by ús boargers del te lizzen. Om dit te realisearjen ha wy yn gearwurking mei oare partijen, troch in oannommen moasje, it kolleezje oproppen om by de perspektyf- nota en begrutting foar 2023 mei oare alternativen te kommen, om de begrutting slutend te krijen.
Bert Koonstra
Fraksjefoarsitter FNP Noardeast- Fryslân
Sweagerbosk