Wy steane oan de foarjûn fan de grutste enerzjy transysje oait. Fryslân kin harren bydrage oan dizze enerzy opjefte mei de saneamde “Fryske oanpak” (regionale energiestrategie) regulearje. De Gemeenten, de Provinsje, it Wetterskip en oare stakehâlders binne no oan set. As regio Noardeast-Fryslân wolle wy foar 2025 in heal miljard euro oan ekonomyske groei generearje.
In diel fan dizze groei kin fan duorsume en ekologyske toerismesektor komme. Yn de regio Noardeast binne mear as tûzend operasjonele pleatsen. Mei de plannen fan de CU Fryslân om by elke pleats ien as twa wynmûnen del te setten (De Vries, te Gast, LC tiisdei 3 desimber 2019) kin ús regio wolris feroarje yn in Madurodam fan Grinzer wynmûnen. Wy kinne de ambisjeuze ferwachte groei yn rekreaasje en toerisme fuortendaliks wol yn it jiskefet smite! Ik bin fan betinkst dat wy de enerzjy opjefte dy’t er leit breder besjen en oanpakke moatte. Helje de ferskate sektoaren de eachkleppen fan de holle en feroarje tunnelfyzje nei in breed draachflak. Mei ús allen de skouders der ûnder, elk syn belang der yn meinimmend mar each foar inoar hâldend. Ynnovaasjes en ûntwikkelingen gean hân yn hân. Mar wy moatte ús de kop net gek meitsje litte en de akute (driuwende) griene honger foar elke priis stille wolle.
Bert Koonstra, Sweagerbosk
fraksjefoarsitter FNP Noardeast-Fryslân