INGEZONDEN: Jelte giet op dieet (RES 1.0) · Foto('s): RTV NOF
  RTV NOF

INGEZONDEN: Jelte giet op dieet (RES 1.0)

donderdag 03 juni 2021

NOARDEAST-FRYSLAN – Yn febrewaris, yn de ried, ha wy der as FNP mei ynstimt om goed 70% fan de elektrisiteit op duorsume wize op te wekken yn Noardeast-Fryslân.

Yn Noardeast ha wy al mear ambysje útsprutsen dan wat de RES fan ús freget. De FNP wol nochris beklamje dat wy gjin romte foar nije wynmûnen jaan wolle, wynenerzjy komt yn ús eagen, en as it net oars kin, fan see. Lokkich boarget it koalysjeakkoart en it provinsjale bestjoersakkoart dizze stelling. Wy helje dus yn de takomst de stroom fan de dakken, de takomstige sinneparken yn Kollumerwaard en Dokkum soargje dat ek op dat mêd mear as foldien wurdt. En dy “mear as” sille wy ek nedich ha.

Want om ús FNP paradepaardje akwatermy yn dizze gemeente út te rôljen is der in gaadlik elektrisiteitsoanbod nedich. De FNP sjocht dit as in grutte stap op de earste trime fan de ynnovaasjetrap sûnder it ein yn it sicht te hawwen. Want as der ien ding wichtich is, dan is dat dat wy ynnovearjen bliuwe en sykjen bliuwe nei alternativen mei in sa lyts mooglike skea oan lânskip, klimaat en boarger. Dêr moatte wy as gemeente ek foarútstribjend yn wêze wolle en ek moat it elektrisiteitsnet opwurdearre wurde om mooglike “black-outs” foar te kommen. Bliuw ûndersykjend en ynnovearjend, in harsenspinsel fan hjoed is de technyk foar moarn, as je it de kâns mar jouwe.

Yn it ferline ha wy sein dat Jelte oan de Brinta moast, hy wie te meager. Kies -voor- Jelte byldet de takomst út en is it marketing ynstrumint foar de boargerrieplachting fan de RES. No minsken, der stiet binnen de RES 1.0 al 2,5 TWh oan elektrisiteit yn de boeken, dêr komt nochris 0,8 ekstra Twh oan ambysjes by en by einbeslút docht de Fryske Enerzjy Alliânsje der noch wer in skepke by op …..oant in goed 3,4 Twh Wêr’t wy Jelte earder te meager fûnen barst Jelte no hast út syn foegen en moat der mar gau op dieet. Wy fine krekt as yn it RES stik dat 3.0 Twh foar 2030 foldwaande is.

Dan noch efkes oer it ‘konsumearjen’ fan de enerzjy. Neffens de fraksje FNP is de enerzjy dy’t wy opwekke ek bedoeld foar ús eigen mienskip. Neffens ús is der dus yn ús provinsje, en al hielendal yn ús gemeente gjin plak foar grutte swarte enerzjyfrettende kubussen (de saneamde datasintrums) dy’t no al fuotsjefrije mei ús bestjoerders. Ditsoarte enerzjyfretters moatte wy echt bûten ús provinsjegrins hâlde, gjin gegriem op ús grûn. Fryslân is gjin enerzjyfabryk. Ta it eintsje beslút, binne wy der wiis mei dat sawol de RES as de gemeente Noardeast-Fryslân alle kommunikaasje middels rjochting ús ynwenners yn stelling bringe sil om ús boargers mei te nimmen.. Dêr leit in wichtich part fan de opjefte, de boargers op de foarhân meinimme!

Bert Koonstra

Fraksjefoarsitter FNP Noardeast- Fryslân

Sweagerbosk

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    Op naar het weekend!
    Peter Visser
  • 09:00 - 10:00
    Ontbijtpop
    Peter Kraft
  • 10:00 - 16:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 16:00 - 17:00
    Gerrit on air
    Gerrit Wijkstra
  • 17:00 - 18:00
    Skerp op de Middei
    Kees Bakker
  • 18:00 - 19:00
    No Nonsense
    Henk en Gerrie
  • 19:00 - 21:00
    Country Ranch
    Harry Ettema
  • 21:00 - 22:00
    The Elvis Experience (week 1)
    Jaap Melessen
  • 21:00 - 22:00
    Heerlijkheden uit het verleden (week 2)
  • 22:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?