DOKKUM – De horeka is wer iepen, de sfear is werom yn de stêd en de terrassen hawwe mear romte. In moai momint om ienrjochtingsferkear yn de binnenstêd fan Dokkum te testen fynt de FNP fraksje. Ienrjochtingsferkear wêrby’t auto’s allinnich noch mar fan de Syl ôf rjochting kafé de Posthoarn oer de djipswâl ride meie stiet al langer yn de planning.
“Yn de gewoane situaasje wie it al in drama om inoar foarby te gean mei de auto, lit stean no’t de terrassen oan beide kanten fan de Djispwâl folop draaie,” sa redenearret FNP fraksjelid Fedde Breeuwsma, “dit is it perfekte momint om in pilot te draaien mei ienrjochtingsferkear.” De FNP fraksje sil it kolleezje dan ek oproppe dit sa gau as mooglik yn wurking te stellen.
Aant Jelle Soepboer (FNP)