NOORDOOST-FRYSLAN – Koartlyn kaam it berjocht by RTV NOF dat der noch foar miljarden kúb gas ûnder de grûn fan it noardeasten fan Fryslân leit. No ’t de gaskraan yn Grinslân tichtgiet, rûke se yn Den Haach fanselssprekkend kânsen en steane de eurotekens yn ‘e eagen. Sa lit it winningsplan sjen dat der oant 2035 gas wûn wurde kin. Dêrom: tiid om gas te jaan! Tiid om foar te sortearjen op de takomst fan it noardeasten fan Fryslân, of moat ik gemeente Noordwest-Groningen sizze?
Nei desennia fan wanbelied op gasmêd yn Grinslân hawwe wy yn Nederlân in soad opstutsen. Sa hat it desennia tiid nedich hân foardat men yn De Haach in bytsje oer de brêge begjint te kommen en rjocht besiket te dwaan oan de skea dy ’t noch alle dagen plak fynt yn Grinslân. It hat desennia duorre foardat De Haach net allinnich mar de kar makket foar finansjeel gewin. Lykas yn Grinslân is de enerzjyearmoede yn Fryslân hiel heech. Hjir binne de gemeenten read op de kaart, wylst dat yn in grut part fan Nederlân oranje is. Dochs wol in nuvere gedachte, dat in soad minsken yn Noard-Nederlân de enerzjy net betelje kinne, mar der wol boppe-op wenje. Termen lykas win-gewest binne dan op syn plak.
Lit ús ússels al dizze ellinde besparje en gebrûk meitsje fan alle ûnderfining fan Grinslân. It is miskien tiid dat Noardeast-Fryslân harren oanslút by de provinsje Grinslân en omdoopt wurdt ta gemeente Noordwest-Groningen. Miskien kinne we dan wol op tiid alle ellinde foarkomme dy ’t de Grinzers spitigernôch al oandien is. De Haach hannelet ommers net sa hurd, dus Fryslân sil yn 2050 miskien pas oan bar komme foar wat kompensaasje. De ellinde dy ’t de Grinzers meimeitsje moatte winskje je net ien ta. Dêrom: tiid foar aksje, gas werom!
Johan Dirk van der Schaaf
Riedslid FNP Noardeast-Fryslân