INGEZONDEN: Fragen FNP Noardeast-Fryslân oangeande stikstofbelied · Foto('s): RTV NOF (archieffoto)
  RTV NOF (archieffoto)

INGEZONDEN: Fragen FNP Noardeast-Fryslân oangeande stikstofbelied

zondag 12 juni 2022

NOARDEAST-FRYSLÂN – Ofrûne freed kaam it langferwachte beslút oangeande de stikstofoanpak nei bûten. Troch de stikken en de makke kar út De Haach wei is de ûnwissigens grut by in soad minsken. Foaral by de boeren en de mienskip wurdt it draachflak ûnder de fuotten weislein. De FNP wurket graach fan ûnderen op en wol tichtby de mienskip en ús boeren stean. Derom tsjinnet de partij yn Noardeast-Fryslân in oantal fragen yn foar de wethâlder.

De gemeenten hawwe in beheinde rol yn dit beslút, dochs hat de FNP yn de gemeente Noardeast-Fryslân in oantal fragen oan de wethâlder oangeande de stikstofoanpak.

De skriftlike fragen foar de wethâlder:

-It is foar de boeren in ûnwisse en gefoelige tiid, is de wethâlder ree om in ekstra ynspanning te dwaan foar in goede kommunikaasje rjochting ús boeren ta.

-Is de wethâlder ree om ûndersyk te dwaan nei de gefolgen fan de besluten foar ús gemeente no’t bliken docht dat neffens de kleurplaat fan Van der Wal der sels binnen de grinzen fan ús gemeente ferskate gebieten mei ferskillende útdagings lizze op it mêd fan stikstofreduksje.

-Is de wethâlder ree om de ried op de hichte te hâlden fan de gefolgen foar de boeren en ús gemeente yn dit yngripende proses.

FNP Noardeast-Fryslân fynt it tige wichtich dat de kommunikaasje tusken gemeente en boer yn dit proses goed wêze moat en fynt it fan grut belang dat de gemeente de mooglike gefolgen fan it beslút oangeande de stikstofoanpak op tiid yn kaart bringt.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    Op naar het weekend!
    Peter Visser
  • 09:00 - 10:00
    Ontbijtpop
    Peter Kraft
  • 10:00 - 16:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 16:00 - 17:00
    Gerrit on Air!
    Gerrit Wijkstra
  • 17:00 - 18:00
    Skerp op de Middei
    Kees Bakker
  • 18:00 - 19:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 19:00 - 21:00
    Country Ranch
    Harry Ettema
  • 21:00 - 22:00
    The Elvis Experience (week 1)
    Jaap Melessen
  • 21:00 - 22:00
    Heerlijkheden uit het verleden (week 2)
  • 22:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?