INGEZONDEN: FNP wol dat regiobelied Ryk útgiet fan aktuele sifers en reëel ferlet · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

INGEZONDEN: FNP wol dat regiobelied Ryk útgiet fan aktuele sifers en reëel ferlet

dinsdag 04 januari 2022

NOARDEAST-FRYSLÂN – De FNP fraksje yn Provinsjale Steaten wol dat it regiobelied fan it Ryk net langer gebieten oanwiist en yndielt op basis fan âlde efterhelle befolkingsprognoazes. Dat belied hat in part fan Fryslân jierren it negative etiket ‘krimpgebiet’ opplakt, hoewol’t de trend al sûnt 2016 de oare kant op giet.

Hjoed makke it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS) de nijste sifers bekend oer de ûntjouwing fan de befolking yn de Fryske gemeenten. Neffens CBS-wurdfierder Dick ter Steege kin de diskusje oer krimp foarearst ôfsletten wurde.

Fraksjefoarsitter Sijbe Knol: ‘Wy hawwe belied nedich dat better oanslút op de aktuele lokale situaasje. It etiket ‘krimp’ jout in negatyf stigma oan ús gemeenten en kin dêrmei de ûntjouwing fan ús mienskip yn guon gefallen yn de wei sitte.’

Basearre op sifers en prognoazes fan doe binne yn 2015 foar it lanlike Twadde Aksjeplan Befolkingsdelgong saneamde krimpregio’s oanwiisd. Dat belied hat de gebieten it negative etiket fan de ‘krimp’ oplevere. En dat wylst al sûnt 2015-2016 in trend sichtber is dat wer mear minsken nei de minder drokke dielen fan Nederlân ferhúzje.

De FNP Steatefraksje fynt dat no’t it nije regear yn De Haach oan de start stiet, it no it momint is foar de Fryske oerheden om mei-inoar har ynset nei it regear ta te bepalen foar de kommende jierren. Yn skriftlike fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten stelt de fraksje dat it belied útgean moat fan it reële ferlet yn ús gemeenten, yn stee fan op grûn fan efterhelle prognoazes of te ambisjeuze doelstellings.

 

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    De moarnsshow
    Overzicht van nieuwsreportages & weerbericht en hoofdpunten van het nieuws.
  • 09:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 18:00
    Ouwe Meuk
    Leo Smidt
  • 18:00 - 19:00
    Willem yn 'e Jûn
    Willem Mulder
  • 19:00 - 20:00
    Fryslân Fan
    Jaap van der Laan
  • 20:00 - 21:00
    Werom yn de tiid
    Sietse Weistra
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?