Sy ha harren ferteld oer harren missy om wenjen betelber te hâlden. Foar de FNP is dat ek in hiel wichtich tema, dus sy ha hiel nijsgjirrich mei inoar yn petear west. Letter waarden sy meinommen troch de fabrykshallen fan it âlde Prinsgebou. Prachtich wat dêr allegear bart, it wie in ynspirearjende middei.