NOARDEAST-FRYSLAN – Om’t FNP Noardeast Fryslân altyd de winsk hân hat om goed swimûnderwiis foar elkenien yn dizze wetterrike gemeente tagonklik te hâlden, en dan benammen foar de minsken dy ‘t it finansjeel net sa breed hawwe, hat de FNP Noardeast Fryslân op tongersdei 22 oktober yn de riedsgearkomste fan gemeente Noardeast Fryslân in moasje yntsjinne oangeande in swimdiploma foar de bern fan minima.
Der binne ferskate subsydzjes, ynstânsjes en fûnsen wêrby ’t in oanfraach dien wurde kin foar stipe by it finansieren fan in swimdiploma, allinnich binne net alle swimbaden en boargers yn ús gemeente hjir fan op’e hichte. Dit docht bliken út it ûndersyk wat de FNP Noardeast Fryslân hjir nei dien hat. De FNP Noardeast Fryslân fynt it wichtich dat elk bern it swimmen goed leart, minimaal de swimdiploma’s A en B behellet en de swimfeardichheden ûnderhâld. Dêrom ropt de FNP Noardeast Fryslân mei dizze moasje it Kolleezje fan gemeente Noardeast Fryslân op om de swimbaden en de boargers yn de gemeente pro-aktyf te ynformearjen oer de ferskate ynstânsjes, subsydzjes en fûnsen dy’t der binne en wer âlden in berop op dwaan kinne foar finansjele stipe om in swimdiploma te beheljen, as om in swimabonnemint oan te skaffen. Ek ropt de FNP Noardeast Fryslân op, om net allinnich in swimdiploma of swimabbonnement te fergoedzjen mar ek, as it swimdiploma behelle is, op strukturele basis it swimmen te stimulearjen troch yn oerlis te gean mei skoallen en it swimmen mei te nimmen yn it bewegingsûnderwiis. De moasje, dy’t mei brede stipe oannaam is yn de ried, jout ferfolch oan de kampanje oer dit ûnderwerp dêr’t de FNP fraksje earder mei útein set is. Sa blykt ek út har ferkiezingsprogramma en it filmke dat hja opnaam hawwe yn swimsintrum Kollum.