INGEZONDEN: FNP kritisch over plannen De Frosk-terrein · Foto('s): 

INGEZONDEN: FNP kritisch over plannen De Frosk-terrein

zondag 24 december 2023

DE WESTEREEN – Op 20 Novimber 2023 hat de FNP fraksje kennis naam fan it wenningbou plan De Frosk yn De Westereen. Wy hawwe hjir sa ús fragen by.

De starters op de wenning merke
It is jo fêst net ûntgien, de wenning merke sit op slot. Starters dy’t net mear starte kinne, en ús âlderein dy’t net mear in “lytser plakje” fine kinne. It is dreech om hjoed in “goedkeap” wenplak te finen yn ús gemeente. Ien fan die redenen komt ek troch de lien kapasiteit fan de starters, die op dit stuit net goed is. In startersstelsje stiet er dan wol wer better foar, harren lien kapisiteit is better. Allinnich litte de mienskiplike ûntwikkelingen sjen dat der hieltyd mear allinnichsteanden komme.

Wenningbou plan De Frosk
De gemeente hat it plan om sa’n 25 oant 31 wenten te bouwen by de Frosk en it âld parkearplak fan de Frosk. It is de bedoeling om 5 senioaren wenten te bouwen en de rest starters. De gemeente joech oan dat se bouwe wolle foar “minsken mei in lytse beurs”, omdat ek in soad starters hjir ûnder falle. It giet hjir om allinnich keap wenten dy’t in priis ha sille tusken de €220.000 en €270.000, en foar dy priis hast gjin kante meter eftertún. It giet hjir om in “Rug aan Rug” konsept, wenten dy’t oan elkoar fêst bout binne. Dernjonken is it ek noch ris sa dat iderien op in type wenning ynskriuwe kin, dus senioaren op starters wenningen en starters op senioarewenningen.

It plan
De hiermerke komt hieltyd mear ûnder druk te stean, net frjemd neffens ús. Hierwenten binne op dit stuit finansjeel tagonkliker dan keapwenningen. De FNP is dan ek fernuvere dat de gemeente seit, dat wenningen mei in priis fan sa’n 220.000 oant 270.000, sûnder eftertún, wenningen binne foar de “lytse beurs”.  Wy snappe dan ek net foar wa’t dizze wenningen bedoeld binne, want ek in soad studinten/starters hawwe hjir ek net safolle oan neffens ús. It is skande om te sjen dat in stikje grûn sa as dit op sa’n ferkearde wize ynfoldwurde sil. Dit is in wer sa’n moaie lokaasje foar starters bygelyks. It winkelsintrum sit yn de buert, sport gelegenheden en fansels de “treen” foar de studinten steden Ljouwert of Grins. Derneist moat der ek noch sein wurde dat dit noch net alles is, want de gemeente sil yn petear mei boubedriuwen, It is hjir troch noch net wis wat foar soart wenningen der komme. It kin ek mar sa wêze dat de priisklasse fan de wenten hiel oars wurd. It liket ús folle better ta, dat de gemeente net allinnich yn petear giet mei “ferkeapers” mar ek mei “ferhierders” om sa in miks fan wenten bouwe te litten.

Jouke Jan Postma, Riedslid FNP Dantumadiel

Auteur: FNP Dantumadiel
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    Op naar het weekend!
    Peter Visser
  • 09:00 - 10:00
    Ontbijtpop
    Peter Kraft
  • 10:00 - 16:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 16:00 - 17:00
    Gerrit on Air!
    Gerrit Wijkstra
  • 17:00 - 18:00
    Skerp op de Middei
    Kees Bakker
  • 18:00 - 19:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 19:00 - 21:00
    Country Ranch
    Harry Ettema
  • 21:00 - 22:00
    The Elvis Experience (week 1)
    Jaap Melessen
  • 21:00 - 22:00
    Heerlijkheden uit het verleden (week 2)
  • 22:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?