INGEZONDEN: FNP komt yn aksje: it nije kabinet moat ophâlde mei gaswinning · Foto('s): ANP
  ANP

INGEZONDEN: FNP komt yn aksje: it nije kabinet moat ophâlde mei gaswinning

maandag 29 maart 2021

FRYSLAN – De FNP wol dat de nije regearing de belangen fan ynwenners boppe de kommersjele belangen fan de mynboubedriuwen stelt. No’t yn De Haach socht wurdt nei in nij kabinet dat rekkenje kin op it fertrouwen fan de ynwenners fan ús lân, wurdt it ek tiid om te sjen nei de gaswinning. De Ryksoerheid ferlient en ferlinget op it stuit oan de rinnende bân fergunningen, tsjin de winsk fan de lokale befolking yn. Dat mynboubelied docht it fertrouwen yn de oerheid grouwélich skea, benammen yn de noardlike provinsjes.

Foar de safolste kear hat de FNP hjoed fragen steld oan it Fryske kolleezje oer de ferlinging fan in gaswinningsfergunning. Ut it saneamde Tietjerk-fjild wol Vermilion oant 2050 noch 11,5 miljard ekstra kubike meter gas winne. It gefolch is folle mear boaiemdelgong en mear kâns op swierdere ierdbevingen yn it gebiet. De gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel hawwe it Ministearje fan Ekonomyske Saken ferline wike skreaun dat se ‘onaangenaam verrast’ binne troch de plannen en dat se fan betinken binne dat dy net trochgean moatte. It falt te ferwachtsjen dat Deputearre Steaten dêr krekt sa oer tinke.

De provinsje Fryslân hat al jierren it stânpunt dat nije gaswinning net winsklik is en hat dat ek yn it Manifest fan Fryske Oerheden oer Gas- en Sâltwinning dúdlik útsprutsen. Spitich genôch hawwe de gemeenten en de provinsje mar in beheinde rol by de ferliening fan mynboufergunningen. Neffens de Mynwet wurde gemeenten en provinsjes by nije of oanpassingen fan besteande fergunningen troch it Ministearje fan Ekonomyske Saken inkeld frege om in advys te jaan.

 It Ministearje fan Ekonomyske Saken jout lykwols gewoanwei net thús en set troch mei it ferlienen fan fergunningen oan mynboubedriuwen. Allinne by de gaswinning ûnder de Waadsee by Ternaard hat de Twadde Keamer begjin maart fia in moasje frege om de plannen foar de gaswinning foarearst stil te setten, en te wachtsjen op fierder ûndersyk. Mar dat is de útsûndering dy’t de regel befêstiget.

 It liket derop dat soargen fan ynwenners oer skea troch boaiemdelgong en in gruttere kâns op ierdbevingen noch hieltyd gjin rol spylje by de fergunningsbesluten fan de minister. Krekt as by oare belangrike ûnderwerpen as de taslaggen-affêre en de rampsillige oanpak fan de mynbouskea yn Grinslân, docht it negearjen fan de belangen fan de ynwenners by it ferlienen fan nije mynboufergunningen op ‘e nij grutte skea oan it fertrouwen yn de oerheid.

It is heech tiid dat it kabinet ophâldt mei dy oanpak. De nije kabinetsformaasje is in goede gelegenheid om de belofte fan it hjoeddeiske kabinet einliks nei te kommen om gjin nije fergunnings foar nije gaswinningen op it fêstelân te ferlienen en de besteande gaswinning gau ôf te bouwen, yn stee fan te ferlingen. Om dat stânpunt krêft by te setten sil de FNP de gearwurking sykje mei oare partijen binnen en bûten de polityk.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 08:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 08:00 - 09:00
    Goed Gestemd
    Oebele en Sia Vries
  • 09:00 - 11:00
    Tsjerke-tsjinst
    Dienst uit de streek
  • 11:00 - 12:00
    Capriccio
    Haite Schukking
  • 12:00 - 14:00
    Blasmusik im Herzen
    Durk en Annelies
  • 14:00 - 17:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 17:00 - 18:00
    Geloven en Beleven
    Harry Nienhuis
  • 18:00 - 19:00
    Wâldklanken
    Harry Nienhuis
  • 19:00 - 21:00
    RTV Metalcafé
    Marcus en Jitse
  • 21:00 - 22:00
    Met de voet tussen de deur
    Martin van der Velde
  • 22:00 - 00:00
    New Age
    Kees Haremaker
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?