Troch de ûnferwachte brief dy’t de ûndernimmers, yn de sektor rekreaasje en toerisme fan Dantumadiel, ûntfongen hat binne der troch de FNP skriftlike fragen steld oan it kolleezje. De gemeenteried wie, doe’t de brief ferstjoerd waard, net op’e hichte fan dy brief.
De gemeenteried wie yn de ûnderstelling dat der mei yngong fan dit jier toeristebelesting oplein waard troch de ûndernimmers, om’t dêr in beslút oer nommen wie yn de riedsgearkomste fan novimber ferline jier. No docht bliken dat de ûndernimmers hjir hielendal net fan op’e hichte brocht binne, dat ta ferbazing fan de FNP. Yn de fragen dy’t steld binne wol de fraksje foaral dúdlikheid oer it proses, en wêrom’t de gemeenteried dêroer net earder is ynljochte. Ek is de fraksje fernuvere dat de gemeenteried noch net in útnûging krigen hat fan it kolleezje foar de ynrinjûn foar kommende tiisdei mei de ûndernimmers. Wylst yn de brief fan de ûndernimmers dúdlik de winsk stiet om ek de gemeenteried út te nûgjen.
Mei it each op de druk, dy’t it kolleezje no by de ûndernimmers en de ried fan Dantumadiel del leit wol de FNP fraksje fan’e wike al antwurd fan it kolleezje. De FNP wie tsjin it riedsbeslút fan novimber om toeristebelesting yn te fieren mar “as de mearderheid fan de ried dan dochs it beslút nimt om toeristebelesting yn te fieren, dan moat it kolleezje it wol útfiere” seit fraksjefoarsitter Ferry van der Ploeg.