BUITENPOST – Yn it ramt fan de kommende gemeenteriedsferkiezings hat ek FNP Achtkarspelen harren partijprogram foar de kommende 4 jier gearstald.
It frisse nije program is troch bestjoerslid Lys Visser-Heringa oanbean oan de jongste FNP kandidaat op in ferkiesber plak (6): Oane Douwe Bouma út Twizelerheide. Bouma is ûndernimmer en hat ek de lay-out fan it program makke.
Op ‘e foto: Lys Visser en Oane Douwe Bouma en oare jongerein-kandidaten fan FNP Achtkarspelen.