DE WESTEREEN – Yn de Algemiene Ledegearkomste is Ferry van der Ploeg út de Westereen unanym troch it bestjoer en de leden keazen as listlûker foar de Fryske Nasjonale Partij yn de gemeente Dantumadiel. Op dit stuit is er al riedslid foar de FNP en hy is bliid dat it bestjoer en de leden folslein efter him stean om de partij fertsjintwurdigje te meien.
De kieskommisje fan de partij hat bewust keazen om jongerein de romte te jaan op de list dy ’t ambysje hawwe om yn de gemeenteried plak nimme te wollen. Op plak twa en trije stean Jari Weistra út Driezum en Jouke Jan Postma út De Westereen. Yn de gearkomste is ek it ferkiezingsprogramma en de oare kandidaten fan de kieslist fêststeld. Dy sil op in letter momint presintearre wurde.