BROEKSTERWÂLD – Tongersdeijûn 12 augustus, mei hiel moai waar, waard de generale fan it stik TWA spile yn de Teatertûn oan de Patrimoniumweg yn Broeksterwâld.
TWA is in iepenloftspul mei as dekor, it doarpskafee dêr’t allegear minsken komme mei elts in eigen ferhaal. Faakst grappich mar somtiden ek fertrietlik.
Klaas en Jantsje, it kastleinechtpear, spile troch Dries Visser en Antsje Soepboer, runne mei hun ûnferwurke emoasjes in eigen kafee. Mar krekt die emoasjes bringe de noadiche spanning nei boppe, wat hiele konfrontearjende situaasjes mei him mei bringt.
Dries en Antsje hienen de haadrol en eltse kear as se fan it toaniel ferdwûnen, moasten se wer in oar jaske oan, om sa wer in besiker fan it kafee te spyljen. Sa spilen se u.o. ek de twaling ( Gerke en Trien), dy’t mei de auto kamen en in draachbere televyzje by harren hienen. Der waard in persoan út it publyk by roppen om de antenne goed heech te hâlden. It publyk waard der de hiele jûn gauris by belutsen.
Sa kaam er ek in lyts jonkje gûlend by de doar. Hy koe noch net iens oer de ûnderste helte fan de doar sjen. Jantsje sette him op de doar en frege wat er wie. Hy socht syn heit Sybren de Haas.
En sa wienen der folle mear besikers, wer’t je om laitsje koenen, mar se wienen der ek , dy’t mei fertriet omrûnen.
Nijsgjirrich wurden, kom dan ek del yn it kafee fan Klaas en Jantsje? Oant gau!
Der binne nog kaarten te keap!
Dat kin fia de webside: https://www.teatertunbroeksterwald.nl/