WALTERSWALD – Freedtejûn spile it “Tonielselskip Noflik Tegearre” fan Kollumersweach/ de Trieme de klucht “Fakânsje oan de Rijn” fan Carl Slotboom yn it doarpshûs de Nije Warf yn Wâlterswâld.
De seal siet fol en wat ha de minsken lake! De spilers wienen goed op dreef en foelen fan de iene yn de oare hilarische situaasje. It stik is al twa kear spile yn de Trieme en saterdeijûn sil it de lêste kear yn de Trije Doarpen yn Kollumersweach weze.
It stik giet oer Herman en Lies, dy’t op in kemping binne yn Dútslân oan de Rijn, lyk tsjinoer de Loreley. Se binne al wat langer troud en alles giet net mear fan in laaien dakje. As der in boat foarby fart en Herman sjocht syn skoanmem, dan wit er al dat syn fakânsje wol ris oars wurde koe as ferwachte. Sy hat har nije flam Job mei. Se komme alle dagen wol even del.
Der komt by, dat Dirkje, in swalkster, sa’n bytsje wennet op in bankje dat flakby de caravan stiet. Sy bemuoit har oeral mei en dan komt dêr noch by Rianne, dy’t oan it “backpacken” is.
Dan komt Fred, de stiekeme frijer fan Lys “tafallich” mei syn frou yn in tintsje by harren stean. As Herman en de frou fan Fred beide in middei fuort binne, spilet der him hiel wat ôf op it toaniel.
As jim no nijskjirrich wurden binne en in noflike jûn ha wolle, kinne jim saterdei jûn, 24 febrewaris noch nei Doarpshûs de Trije Doarpen yn Kollumersweach.
De entree oan de kassa is foar folwoechsenen € 8,50 en foar bern € 5,–
Mear ynfo is te finen op www.noflik-tegearre.nl