In nije oersetwedstryd · Foto('s): Archief RTV NOF
  Archief RTV NOF

In nije oersetwedstryd

vrijdag 06 januari 2023

LJOUWERT – Lykas yn oare jierren hawwe wy yn it desimbernûmer fan DE NIJE in oersetkriich fan in Ingelsk liet. Wy nimme dizze kear ien fan de lieten fan Randy Newman. Dat is mei bedoeld as in earbetoan oan him. Newman hat prachtige nûmers skreaun en songen. Hy wurdt dit jier tachtich en komt nei Europa foar in konserttoer û.o. yn Berlyn en Bremen en op 7 febrewaris yn de Oosterpoort yn Grins. De kaarten dêrfoar binne al lang útferkocht.

De ynstjoerders kinne kieze út ien fan de folgjende nûmers:
• Birmingham
• My old Kentucky home
• Sail Away

Wy tidigje op sjongbere oersettingen dy’t de struktuer fan it liet oanhâlde, mar mei it ferhaal nei Fryslân oerset. Fierder binne de oersetters frij yn harren ynterpretaasje. De oersettingen meie yn it Frysk, Biltsk, Stellingwerfsk of Nederlânsk skreaun wêze. Der binne trije teäterbonnen te winnen: haadpriis € 150, 2e priis € 100, 3e priis € 75.

Ynstjoeringen moatte foar 19 febrewaris binnen wêze by denije@itnijs.nl. Se wurde anonym hifke. Om de útslach hinne wurdt op sneintemiddei 19 maart in feestlike lietemiddei op Stania State yn Oentsjerk organisearre. Dat sil oars, better en dúdliker organisearre wurde as ferline jier. Wy moasten it doe spitigernôch in pear kear ferskowe yn ferbân mei Covid.

Sjoch ek: Oersetwedstriid liet Randy Newman | It Nijs 

Auteur: Redactie RTV NOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 08:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 08:00 - 09:00
    Goed Gestemd
    Oebele en Sia Vries
  • 09:00 - 11:00
    Tsjerke-tsjinst
    Dienst uit de streek
  • 11:00 - 12:00
    Capriccio
    Haite Schukking
  • 12:00 - 14:00
    Blasmusik im Herzen
    Durk en Annelies
  • 14:00 - 17:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 17:00 - 18:00
    Geloven en Beleven
    Harry Nienhuis
  • 18:00 - 19:00
    Wâldklanken
    Harry Nienhuis
  • 19:00 - 21:00
    RTV Metalcafé
    Marcus en Jitse
  • 21:00 - 22:00
    Met de voet tussen de deur
    Martin van der Velde
  • 22:00 - 00:00
    New Age
    Kees Haremaker
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?