Takomme jier septimber spilet Stichting Iepenloftspul Mitselwier it Iepenloftspul “Foarby it Boarkumer Fjoer” skreaun troch Baukje van Hijum. Frei nei de roman fan skriuwer Durk van der Ploeg. Binne Reitsma en Martha de Jong fan Blije sille it stik regissearje.
Hûnderttweintich jier lyn fergyng de fiskersfloat fan Peazens-Moddergat yn in fleanende stoarm. Fierwei it grutste part fan de fiskers ferlear dêrby it libben. Yn de roman – Foarby it Boarkumer Fjoer – folget Durk van der Ploeg yn de byldzjende styl dy’t de lêzer fan him wend is, it libben fan Botte Vaderloos, ien fan de jonge fiskers dy’t de ramp meimakket en op wûnderbaarlike wize oerlibbet.