Iepenloftspul Brantgum spilet yn juny 2019 it stik ‘De lêste floed’, nei it boek fan Durk van der Ploeg. Yn 1969 wurdt de Lauwerssee ôfsletten fan it Waad. Dit hat foar de húshalding fan Tsjerk Vogel, dy’t dêr al jierren buorket en ploetert mei it winnen fan lân, dramatyske gefolgen.
In spannend en oangripend ferhaal oer persoanlike drama’s, tsjin de eftergrûn fan ûnfersetlikens en in net oan te ûntkommen generaasjekonflikt.
50 jier Lauwersmargebiet yn 2019, wie mei reden om dit stik yn Brantgum op te fieren.
It ferhaal is foar it iepenloftspul bewurke troch Baukje van Hijum en Atsje Lettinga sil de regy foar har rekken nimme.
Op woansdei 4 en tongersdei 12 july o.s. binne de audysjes en foar mear ynformaasje en oanmelding foar de audysjes kin men terjochte op www.iepenloftspulbrantgum.nl.