Yn alle toanaarden is de leafde hjir op ierde besongen, beskreaun en belibbe…mar…wat is leafde? Wa kin it begripe as bedjipje! Yn it wurdboek stiet; hartelijke genegenheid, warme bewondering. Der binne safolle fasetten fan’e leafde; leafde foar jins partner, jins bern, ..húsdier ,..freonen..it binne allegear foarmen fan leafde. Meastal wurdt leafde mei ferealens assosjearre , de âlde Griken hienen der sels in boppenatuerlik wezentsje foar betocht. (net sa gek trouwens want leafde stiicht boppe it minslike út) In mûtel Cupidootsje dy ‘t er foar soargje moast dat de leafde groeide en bloeide.
Mar yn ús noftere ik tiidperk is der gjin romte mear foar sok tinken en mar goed ek want it soe net bêst wêze as ús leafdeslibben fan in Cupido ôfhingje moast. Mar doch, it mytologyske ferhaal fan Cupido en Psyche fassinearre my en ik woe dat kombinearje mei ús, út ‘e klaai lutsen Friezen, want dat like my no komysk ta …en sa groeide it iepenloftspul CUPIDO.
Net allinne it libben fan ‘e ierdlingen komt foar it fuotljocht mar ek it libben sa ‘t it libbe wurdt yn ‘e hegere regionen sil jimme yn ‘e besnijing bringe. Andre Beeksma , de regisseur set Alleregisters iepen om der in prachtich stik fan te meitsje en de muzyk is , as fan âlds, yn hannen fan Marjan Fennema dy ‘t ús fêst wer ûntroere sil mei har prachtige stim, Sjoukje Anker en de ploech naaisters steane foar in hast ûnmooglike taak om alle klean te fersoargjen ( en Sjoukje kinnende wurdt it wer wat moais) en foegje dêr noch in stel entûsjaste spilers oan ta en jo hawwe alle yngrediïnten foar in spetterjende jûne. Laitsje en gûle sa is it libben en wy Brantgumers wolle jimme it gewoane libben sjen litte yn al syn fasetten.
Foar mear informaasje Kaartferkeap www.iepenloftspulbrantgum.nl
Kaartferkeap telefoanysk fan 3 maaie of: 0519-562113
0519-292249