Iepening Bloeiwike: Eastermar bloei mar ta! · Foto('s): Albert Bakker
  Albert Bakker

Iepening Bloeiwike: Eastermar bloei mar ta!

zaterdag 24 augustus 2024

EASTERMAR – Saterdeitemoarn 24 augustus is de Bloeiwike fan Eastermar feestelik iepene. Eastermar nimt it stokje oer fan Wergea en lit oant en mei 30 augustus it doarp noch mear en noch moaier bloeie. Dit gebeurt troch it organisearjen fan in hiele protte aktiviteiten troch en foar de doarpsgenoaten. It is de bedoeling dat der sawysa folle oandacht is foar natuer, kultuer, duorsumens, sûnens en fansels mienskip.

Door Martsje Mud

Yn in prachtich oanklaaide tinte op de Eastermarder Iterstún en mei in protte folk, toveren boargemaster Jeroen Gebben, Bouwe de Boer fan freonen fan fossylfrij Fryslân, Eltine Wiersema fan Enerzjyk Eastermar en Jellie Ewoldt fan Iterstún en – bosk dizze wike iepen mei de wurden: EA, BLOEI MAR TA! De wurden binne foarme troch blombollen. Safolle dielnimmers meidogge oan de aktiviteiten dizze wike, safolle bollen kinne letter yn Eastermarder grûn. Gebben priizge it doarp. De mienskip wurdt der aktyf by belutsen. Om grutsk op te wêzen. Hy oppere it idee om it oare jier wèr mei te dwaan? Wèr foar it Easterbarren op?

Nei it offisjele gedielte kinne de minsken de Iterstún besjen en útlis krije. Miskien sitte der nije frijwilligers by, want dêr is noch wol ferlet fan. Der binne likegoed hearlike produkten te keap en der is gesellichheid mei in hapke en bakje kofje. Fansels binne der de hiele dei ferskeidene aktiviteiten yn it doarp. Eastermar is los! Bloei mar ta!

Achter de skerms binne yndividuen of groepkes Eastermarders al hiel lang dwaande om meiïnoar in pracht programma gear te stallen en it doarp letterlik yn de blomkes te setten. Foarsitter Wiebe Visser jout oan dat it in goeie saak is regelmjittich efkes op it blokkenskema te sjen of der ek oanpassingen binne yn de aktiviteiten. Dit kin fia eastermar.bloeit.frl
Eastermar Bloeit folgje op instagram en facebook is ek oan te rieden!

Fryslân Bloeit is in inisjatyf fan Freonen fan Fossylfrij Fryslân en Arcadia. Hjir hat Eastermar har by oansluten mei as doel in wike lang aktiviteiten te organisearjen dy’t in duorsume ûntwikkeling fan it doarp stimuleare. It stribjen is dat minsken yn harmony mei de natuer, sûn en lokkich âld wurde kinne yn Fryslân. Dat der foar elk in plakje is. Dit jier dogge seis doarpen mei. It is de bedoeling dat der hieltyd mear doarpen in Bloeiwike organisearje.

Tidens it pre-Easterbarren op freedtejûn 30 augustus jout Eastermar op har beurt it ‘Bloeit’ stokje oer oan it doarp Wâldsein. Foardat it safier is kinne de doarpsgenoaten elke dei wol erges oan mei dwaan. Folle net genôch! EA, bloei mar ta! En wa wyt is der it oare jier wer in Eastermar Bloeiwike? Dat is noch efkes ôfwachtsje.

Auteur: Redactie RTV NOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 09:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 09:00 - 12:00
    De B&W Show
    Eindejaarsprogrammering
  • 12:00 - 19:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 19:00 - 21:00
    Gospel Time
    Tjerkje Broersma
  • 21:00 - 23:00
    Wat Draaie Menu
    Martin van der Velde
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?