Iepen dei op de Dr.J.Botkeskoalle · Foto('s): 

Iepen dei op de Dr.J.Botkeskoalle

woensdag 13 maart 2013

Tiisdei wie de earste fan twa iepen dagen op de  Dr.J.Botkeskoalle in Damwâld.  Dizze iepen dei wie tagelyk mei de beide PCBO skoallen yn Damwâld.

De hiele middei wie der belangstelling foar it ûnderwiis op ús skoalle. Under it genot fan in kopke koffie of tee en ranja foar de bern koenen de aspirant âlders de skoalle besjen. Yn alle lokalen fertelden de juffen hoe’t it der yn dat learjier oan ta giet. Alders koenen fragen stelle oan juffen en direkteur en elk krige in kennismakingspakketsje mei nei hûs ta.

20 maart is de twadde iepen dei op de Botkeskoalle. Op dizze dei is der iepen dei op hast alle iepenbiere skoallen fan Roobol.  Dan kin der ûnder it wurkjen yn de skoalle sjoen wurde. De skoalle is iepen fan 10.30-13.30 oere. De bern binne dan klear mei it projekt “LEVE DE KONING”. Fan 11.30-13.30 oere is de frijmerke op it plein (mei min waar yn skoalle) Jûns is de skoalle wer iepen mei de projektpresentaasje foar de eigen âlders. Dit is fan 18.30-19.30 oere.

© Foto’s Lia Bakker-Peterson

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.
Iepen dei op de Dr.J.Botkeskoalle · Foto('s): 
  

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 18:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 18:00 - 19:00
    Lytse Klankjes
    Jikke Wiersma
  • 19:00 - 21:00
    Leafde foar Muzyk
    Klaske Ferwerda
  • 21:00 - 23:00
    De Smachtwacht
    Mark & Frank Spijkers
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?