Hichtepunt yn de Tomke-wiken by swimbad ?de Frosk? · Foto('s): 

Hichtepunt yn de Tomke-wiken by swimbad ?de Frosk?

donderdag 12 maart 2009

Woansdei 11 maart wie it tiid foar it grutte hichtepunt yn de Tomke-wiken by swimbad ‘de Frosk’. Stapels kleurplaten wienen binnenkaam by it swimbad en it personiel moast dêrút de moaisten kieze…fansels wie dat ferskrikkelik dreech. Mar it is dochs slagge; 9 bern krigen út hannen fan Gelly Jagersma en Eelke van der Heide de prizen útrikt mei dêryn ûnder oare in hânpop, it Tomke-jierboek en/ of in Tomke-spultsje.


Dat it Tomke tema in grut sukses wurden is, die wol bliken ut de opkomst fan heiten, memmen, broerkes en suskes fan de priiswinners. Yn swimbad ‘de Frosk’ wie de oanklaaing al wiken yn Tomke-sfear. Ek krigen alle bern dy’t ferline wike ôfswimme moasten foar har A-diploma in ceedee fan Tomke en de bern dy’t foar it earst op swimles kamen krigen in ceedee as wolkomstkadootsje.


Op de foto yn de taheakke fan links nei rjochts, fan ûnder nei boppe: Carmen, Sibrand, Rowan, Noah, Lisanne, Jarnick, Bettina, Tomke, Marijke, Jesse, Gelly Jagersma en Eelke van der Heide.

© Foto: RTV Noordoost-Friesland

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    Op naar het weekend!
    Peter Visser
  • 09:00 - 10:00
    Ontbijtpop
    Peter Kraft
  • 10:00 - 16:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 16:00 - 17:00
    Gerrit on Air!
    Gerrit Wijkstra
  • 17:00 - 18:00
    Skerp op de Middei
    Kees Bakker
  • 18:00 - 19:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 19:00 - 21:00
    Country Ranch
    Harry Ettema
  • 21:00 - 22:00
    The Elvis Experience (week 1)
    Jaap Melessen
  • 21:00 - 22:00
    Heerlijkheden uit het verleden (week 2)
  • 22:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?