Hea! is op syk nei ‘Jo momint’ · Foto('s): Omrop Fryslân
  Omrop Fryslân

Hea! is op syk nei ‘Jo momint’

maandag 24 oktober 2016

Dobberjende eintsjes of immen dy’t besiket in peal yn de grûn te slaan, allegear simpele mar moaie mominten. In hiel bekende rubryk oan de ein fan it telefyzjeprogramma Hea! is ‘Samar in momint’. Dat momint kin fan alles wêze, mar it is altyd genietsjen fan in prachtich momint út ús provinsje. Fan dizze wike ôf kin it samar wêze dat jó momint ek te sjen is op telefyzje.

It programma Hea! makket reportaazjes oer gewoane minsken mei bysûndere ferhalen. Fêst ûnderdiel is ‘Samar in momint’. Oant no ta stjoerde Hea! kameraminsken op ‘en paad troch Fryslân om moaie mominten op te nimmen. Mar no kinne minsken thús dat momint ek bepale.

Alle tongersdeis stjoert Hea! ‘Jo momint’ út. Sjoch foar mear ynformaasje oer ‘Jo momint’ en hoe’t minsken in filmke ynstjoere kinne op: Omropfryslan.nl. Der kin net tasein wurde dat alle ynstjoerde mominten ek brûkt wurde foar de útstjoering.

Hea!
Fan moandei oant en mei tongersdei fan 17.35 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Mei alle tongersdeis ‘Jo momint’ oan de ein fan de útstjoering.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 08:00
    Harteklanken
    Non-stop
  • 08:00 - 10:00
    Klankbord
    Geestelijk verzoekplaten programma
  • 10:00 - 12:00
    Op 'e Hichte
    Nieuws uit Achtkarspelen & Tytsjerksteradiel
  • 12:00 - 14:00
    De Weekend Nieuwsshow
    Nieuws uit Dantumadiel & Noardeast-Fryslân
  • 14:00 - 18:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 18:00 - 20:00
    Hollandse Toppers
    Tinus Kempenaar
  • 20:00 - 22:00
    Hollands op zijn Best
    Joege en Jikke
  • 22:00 - 00:00
    Hit Tijdmachine
    Dicky Denkers
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?