FRYSLAN – Utrikking fan de Gouden Kneppel is in priis dy’t ynsteld is troch de Jongfryske Mienskip yn ‘e hjerst fan 2021, 70 jier nei it histoarysk barren fan Kneppelfreed op 16 november 1951 te Ljouwert. Freedtejûn 15 novimber 2024 tidens de tige slagge Smûke Jûn yn de seal mei grôtfol leden en sympatisanten rikke de Jongfryske Mienskip de twadde Gouden Kneppel út oan Willem Schoorstra. Willem Schoorstra is in bysûndere persoan mei in hiele protte talinten, hy waard berne yn 1959 yn Ternaard.
Syn belangstelling lei yn it earstoan yn de muzyk, dêr’t er ynspiraasje krige foar it skriuwen fan dichtwurk. Hy publisearre geregeld yn literêre tydskriften en op ynternet. Ek skriuw Willem ferskate romans sa as: yn 2004: Swarte Ingels, yn 2007: De ôfrekken, yn 2011 Rêdbâd – kronyk fan in kening en yn 2017: De Nacht fan Mare, Dêrmei wûn er ferskate prizen.
Yn 2012 – Dy hy de wetlike ‘Ferklearring fan ôfstân’ fan de Nederlânske Nasjonaliteit foar de Fryske Nasjonaliteit yn de gemeenteseal te Dokkum en dat tsjinoer de Boargemaster. Hy is -kinne wol sizze in allrounder- in Fryske dichter, in Fryske romanskriuwer, in Frysk koarte-ferhaleskriuwer, in Frysk polityk en taal aktivist, in Frysk histoarysk aktivist. Willem ûntstekt it Fryske fjoer by in soad minsken. En dat is in bysûnder talint! Mei it each op it boppesteande is de Jongfryske Mienskip fan betinken dat de ‘Gouden Kneppel dit jier Willem Schoorstra takomt. De priis bestiet út in mei de hân makke Fryske ikehouten kneppel mei figueren út de âldheid van keunstneresse Grethe–Marie Broersen.