Gemeentebestuur Noardeast-Fryslân zet in op Friese plaatsnamen op komborden · Foto('s): RTV NOF
  RTV NOF

Gemeentebestuur Noardeast-Fryslân zet in op Friese plaatsnamen op komborden

dinsdag 08 juni 2021

DOKKUM – 25 doarpen yn Noardeast-Fryslân krije op 1 jannewaris 2023 in nije Fryske namme. Dat stiet yn it ynfieringsplan Fryske Plaknammen dat it kolleezje tiisdei 8 juny fêststeld hat.

It giet om de doarpen:

Aalsum, Anjum, Augsbuurt, Bornwird, Ee, Engwierum, Hantumeruitburen, Hantumhuizen, Hiaure, Holwerd, Kollumerzwaag, Lioessens, Metslawier, Morra, Niawier, Oosternijkerk, Oostmahorn, Oostrum, Oudwoude, Paesens, Triemen, Veenklooster, Waaxens, Westergeest en Zwagerbosch.

De nammen wurde:

Ealsum, Eanjum, Augsbuert-Lytsewâld, Boarnwert, Ie, Ingwierrum, Hantumerútbuorren, Hantumhuzen, De Lytse Jouwer, Holwert, Kollumersweach, Ljussens, Mitselwier, Moarre, Nijewier, Easternijtsjerk, De Skâns-Oostmahorn, Eastrum, Aldwâld, Peazens, De Trieme, Feankleaster, Waaksens, Westergeast, Sweagerbosk.

De gemeenteried hat frege om Fryske plaknammen

De gemeenteried hat yn de riedsfergadering fan 20 septimber 2020 in amendemint fan de ChristenUnie en de FNP oannaam oer de ynfiering fan Fryske plaknammen. Yn it amendemint wurdt doarpen ek de romte jûn om te kiezen foar in histoaryske- of dialektnamme. In mearderheid fan it doarp moat hjir dan foar wêze. De bestjoeren fan doarpsbelangen binne hjiroer ynformearre en binne yn de gelegenheid steld om te reagearjen. Op basis hjir fan hat it kolleezje in ynfieringsplan makke.

Achttjin doarpsbelangen en in oantal ynwenners ha in reaksje stjoerd nei de gemeente

In tal bestjoeren hat oanjûn om histoaryske redenen tsjin de ynfiering fan de Fryske plaknamme te wêzen. Oare doarpen wolle de Nederlânske namme behâlde of jouwe oan de twatalige plaknammebuorden behâlde te wollen. Yn de brief dy’t de doarpen krigen ha yn febrewaris is oanjûn dat wannear’t doarpen net reagearre it kolleezje der fanút giet dat se ynstimme kinne mei de Fryske plaknamme. Tsien doarpen ha net reagearre. It kolleezje stelt foar om foar de doarpen yn de easthoeke fan de gemeente (Burum, Munnekezijl, Warfstermolen en Kollumerpomp) de Nederlânske namme te behâlden. De oare doarpen krije in Fryske plaknamme.

It wizigjen fan de plaknammen kostet de gemeente 448.000 euro

In diel fan de kosten wurdt betelle út subsydzje fan de provinsje en besteande budzjetten. € 408.000 komt út de werferdielingsfergoeding.

De nij nammen wurde op 1 jannewaris 2023 ynfierd
De ynfiering fan de plaknammen yn de gemeentelike applikaasjes freget in goede tarieding en dit kostet tiid. De tarieding en de ynfiering sille dêrom yn 2021/2022 plakfine sadat de nije  plaknammen mei yngong fan 1 jannewaris 2023 jilde kin. Doarpsbelangen, ynwenners en bedriuwen ha dan ek foldwaande tiid om harren ta te rieden op de nije situaasje.

Op de buorden komt allinich de Fryske namme

De fêststelde  plaknamme komt op it plaknammeboerd. Yn it eardere Ferwerderadiel stiet allinich de Fryske namme op it plaknammeboerd. Yn de oare eardere gemeenten stiet de Fryske namme ûnder de Nederlânske namme. It kollege stelt foar om yn de nije situaasje te kiezen foar  ien namme op it boerd.

Ek oare buorden wurde oanpast

Neist de plaknammebuorden binne der noch in soad oare buorden yn de gemeente wêr’t in plaknamme op stiet. It giet dan bygelyks om fytsrûtebuoarden en oare ferwizingsbuorden. Ek dy sille yn de rin fan de tiid troch de gemeente oanpast wurde.

De gemeenteried hat it lêste wurd

De gemeenteried praat op 8 july oer it ynfieringsplan.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    De moarnsshow
    Overzicht van nieuwsreportages & weerbericht en hoofdpunten van het nieuws.
  • 09:00 - 18:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 18:00 - 19:00
    Lytse Klankjes
    Jikke Wiersma
  • 19:00 - 21:00
    Leafde foar Muzyk
    Klaske Ferwerda
  • 21:00 - 23:00
    De Smachtwacht
    Mark en Frank Spijkers
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?