Wiebe de Jong ûntwikkele spesjaal foar Anke Bijlsma fan programma ‘de Garnalefabryk’ in bonbon yn ‘e foarm fan in Garnaal mei spatjses knal reade en griene kleuren mei de silte smaak fan seekraal en de swietens fan karamel.
Fanôf no is dizze te keap fia syn bedriuw Shock O Laté. In moai momint om dit te lansearen sa yn de desimbermoanne. ‘Do kinst mei dit doaske bonbons in orizjineel kadootsje jaan, lekker by de kofje, en unyk foar ûnder de krystbeam. In doaske mei bonbons kostet €8,00, seit Anke fan it Garnalefabrykje by Moddergat.
It leafst wurket Anke mei lokale ûdnernimmers. Sa binne der yogalessen fan dosinte Ine de Bruin dy ’t njonken de Garnalefabryk wennet, in ‘ bootcamp’ fan Anneke Kroodsma fan Anneke’s lifestyle studio út Holwert en hat de Nessumer keunstner Gerrit Breteler twa groepen mei kursisten dy ’t portretskilderjen leare. De bonbon komt ek net út de loft fallen. Wiebe hat yn novimber twa kear in útferkochte workshop sûkelarjebewurkingen jûn. Yn jannewaris komt der wer in nij programma, ek Wiebe jout dan wer les yn de Garnalefabryk!
Wiebe is 25 jier, berne yn Hantumhuzen en wennet yn Dokkum. Syn horeka-karjêre begûn hy by restaurant ‘De Waard fan Ternaard’. Hy rekke dêr fereale op ‘de pattiserie’.
Hy gie doe staazje rinnen yn Antwerpen by ien fan de bêste patissiers fan België; Roger van Damme. Neist syn wurk op Lauswolt by ‘de Heeren van Harinxma’ is Wiebe de Jong selstannich chocolatier. Hy hat in eigen bedriuw mei sûkelarjebewurkingen ‘Shock O Laté.
De Garnalefabryk Bonbon is te bestellen fia de webside www.garnalefabryk.nl
Dit is een reclame: deze tekst is niet geschreven door de RTV NOF redactie.