Fyfde Fryske Twitterdei tige slagge! · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

Fyfde Fryske Twitterdei tige slagge!

vrijdag 22 april 2016

De Fryske Twitterdei wie in moai feestje. Om 08.00 oere moarns stie de hashtag #Frysk al tusken de meast besprutsen ûnderwerpen op Twitter en ek #Frysketwitterdei hat lang yn de top 20 meidraaid. Tûzenen twitterders ferstjoerden lyksa folle tweets en der waard fansels ek in soad retweeten en antwurd jûn. De tweets kamen wer fan oer de hiele wrâld: fan Sweden oant Súd-Afrika. Ek omtinken foar oare lytse talen mei #TIML2016

@Janrijdtrond
Oer 5 min begjint #Janrydtrûn. Hjoed binne alle tweets ek yn it #Frysk te lêzen.
Want it is Fryske twitterdei!

Neist bekende Friezen en BN-ers lykas Jorrit Bergsma, Iris Kroes, Jelle B., Sietske Poepjes, Broken Brass Ensemble, Lammert de Bruin (EenVandaag), Europarlementariër Jan Huitema en de minsken fan it tv programma Jan Rijdt Rond, dienen der diskear ek wer in protte bedriuwen en ynstellings mei oan de Fryske Twitterdei, lykas Tryater, Fries Museum, Politie Fryslân, Brandweer Fryslân, PostNL, Ziggo, ferskate restaurants, sportferieningen, korpsen, musea, biblioteken, skoallen en ferskate Fryske oerheden. Sels de Belestingtsjinst die mei, al wie dat mei lichte tsjinsin….

De hashtag #Frysk is by mear as njoggen miljoen minsken ûnder eagen kommen. Dat is twa miljoen mear as ferline jier.

Ynternasjonaal
Neist de Fryske Twitterdei wie der juster ek foar it earst in Ynternasjonale Twitterdei foar Lytse Talen; in inisjatyf fan Praat mar Frysk en Social Media Alba út Skotlân. Skotlân hat sûnt 2014 in eigen twitterdei neffens Frysk foarbyld. Yn oerlis is besluten om beide twitterdagen tenei op ien dei te hâlden en om oare lytse talen ek te stimulearjen om mei te dwaan. Foar de Praat mar Frysk-kampanje is dat in moaie opmaat nei Kulturele Haadstêd 2018 en de aktiviteiten dy’t yn it ramt fan Lân fan Taal organisearre wurde. Juster wie der al omtinken foar it Frysk by ferskate media-kanalen yn Wales, Skotlân en Ierlân. Foar de ynternasjonale aksje waard de #TIML2016 brûkt. Doel is dat #TIML, dy’t no in berik hie fan sawat trije miljoen en benammen brûkt waard troch de Friezen en de Skotten, de kommende jierren hieltyd populêrder wurdt en ek brûkt wurdt op oare Social Media kanalen.

De Fryske Twitterdei is in inisjatyf fan de Praat mar Frysk-kampanje fan de Afûk. Mei dizze aksje wol de kampanje de drompels om it Frysk te brûken fuortnimme en it brûken fan it Frysk op social media lykas Twitter en Facebook stimulearje. Sjoch ek op: www.praatmarfrysk.nl

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 08:00
    Harteklanken
    Non-stop
  • 08:00 - 10:00
    Klankbord
    Geestelijk verzoekplaten programma
  • 10:00 - 12:00
    Op 'e Hichte
    Nieuws uit Achtkarspelen & Tytsjerksteradiel
  • 12:00 - 14:00
    De Weekend Nieuwsshow
    Nieuws uit Dantumadiel & Noardeast-Fryslân
  • 14:00 - 18:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 18:00 - 20:00
    Hollandse Toppers
    Tinus Kempenaar
  • 20:00 - 22:00
    Hollands op zijn Best
    Joege en Jikke
  • 22:00 - 00:00
    Hit Tijdmachine
    Dicky Denkers
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?