BUITENPOST – Samen met de gemeenten Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel en Dantumadiel heeft Noardeast-Fryslân in de week van 26 februari tot en met 1 maart de Fryske Wike georganiseerd. In dat kader was er op woensdagmiddag vanaf 16.30 uur een Frysk Diktee geschreven door Willem Schoorstra vanuit de raadszaal in Buitenpost. Bestuurders en ambtenaren uit de vier gemeenten deden mee.
Marcel Smit zorgde voor muzikale begeleiding en Wietske Poelman presenteerde het Frysk Diktee. Het was live te volgen op televisie bij RTV NOF en is terug te kijken via de speler hieronder. Geert Andringa, raadsgriffier (Achtkarspelen) haalde met 11,5 fouten de derde plaats, met 10,5 fouten was Wybe Postma (FNP Tytsjerksteradiel) de tweede. Folkje Koster van de griffie (Achtkarspelen) had slechts zes fouten en was de winnaar.
Bekijk hieronder het diktee terug
Tsjoen fan de Wâlden
1. Och, de Wâlden, | plak fan smûkskaadzjend beamtegrien, | fan opljeppene manlju en
fûleindige froulju | dy’t klompfuotsjend mei harren skerjontsjes | oer de buorren
dangelje.
2. Binne der moaiere maaiemoarnen | as dy yn de Wâlden? | As by sinne-opgong de
grûnmist oplûkt? | Daudrippen glinsterje, | apelblossem bloeit yn it hôf, | jonggriene
tinten kleurje de wâlen | en hôfdowen koerje | dat it sawat docht.
3. Tink ek oan de sweltsjes | dy’t tsjetterje en kwetterje. Foar it nêst sykje se slyk | by in
wetterplak. | Sûnder kantroeren fleane se | troch in stikken rút | de feilige romte yn |
fan pleats of fabryk.
4. Hiel aardich, dy romantyk, | mar stie de Wâlden eartiids | ek net stiif fan it byleauwe? |
De omkriten tilden ommers op | fan wûnderdokters en bûterbelêzers. | Rûnom seagen
de lju tekens en foartsjirmerij. |Troch in moassich en bewalme finster | skôgen se dat
oare, | dat der altyd wie | en dêr’t se min hichte fan krije koene.
5. Bewalme finsters besteane net mear, | mar lit ús guon bjustere saken nochris oereidzje.
|De wâldpyk of heidehipper observearre | de sêfte skieppepânske wolkeloft, | de swide
ikebeam, | de like magyske flearebeam, | de linebeam as tongerlieder | en de rynske
wetterwelle.
6. De grouwe stien ûntkaam | de pyk en hipper ek net, | likemin as it gielfinkje foar it glês,
| it pykjebrea op ’e finger | of de genêsblêden yn ’e wâlskant.
7. Dochs seach er ek fergiftich of raar gewaaks, | sa as slange- en njirrekrûdfearen, |
hûnebeishout, blynpûsters | en libben guod as gerskrûpers, | hazzewjirms dy’t fergif
heech opspuiten, | stienkrobben en ielpipers.
8. Moatte wy it noch hawwe oer tonger en wjerljocht, | oer in rêd om ’e sinne, | oer it
byljen fan in hûn, | oer deaklopperkes yn it âlde bêdssket | en net te ferjitten de wite
wiven | en oare spûkige stallen, | faak mei healwize ôfbaljende troanjes?
9. Oare tiden, sille wy mar sizze. | Tsjoen en boppenatuerlike ferskynsels binne ferdwûn |
yn de dize fan ’e tiid. | Yn stee dêrfan is der hjoed-de-dei | it ynternet en artifisjele
yntelliginsje. | Ien ding bliuwt lykwols itselde: | it klompkjen fan heidehipper en wâldpyk
oer de dyk.